Liveblog | 27 april 2022

Dit wie Keningsdei 2022 yn Fryslân: "Bliid dat der wer in feestje wie"

Nei twa jier fan corona koe it hjoed wer: Keningsdei fiere. Rûnom wiene frijmerken en koene minsken feestfiere en by elkoar komme.
Lêst bywurke: 27 april 2022, 21:46
21:45

Binnenstêd fan Ljouwert wer skjin

De binnenstêd fan Ljouwert wurdt wer skjinmakke troch meiwurkers fan Omrin. Frijmerkferkeapers dy 't guod oer hiene, koene dat kwyt yn grutte konteners dy't troch de gemeente yn de stêd delset wienen. Wylst der flyers útdield wienen om minsken te freegjen harren guod goed op te romjen, lei der dochs noch in soad op strjitte.
Pieter Bleeker fan Omrin
20:00

Sa fierde Fryslân dizze Keningsdei:

Sa fierde Fryslân Keningsdei:
17:43

Op Skylge dûnsje minsken op in saneamde 'silent disco' (stille disko)

17:19

Mata Hari plein yn Ljouwert is fol

It Mata Hariplein yn Ljouwert is fol. It is sa drok dat der pas nije minsken it plein op meie, as oare minsken it plein ferlitte.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
16:09

Op guon plakken is it bewolkt, op oare plakken skynt de sinne

15:49

Feanwâlden fiert Keningsdei mei 'Willem-Alexander en Maxima'

Hûnderten minsken kamen op Keningsdei del yn it nagelnije Spoarpark yn Feanwâlden. Dat meldt RTV NOF. Fan 10:00 oere ôf wie it direkt al drok. Annigje Sikma, de foarsitter fan de Keningskommisje yn it doarp, wie dan ek tefreden. "Dit is wêr't je it foar dogge, dizze drokte is echt skitterend. Eltsenien laket, hat wille en hjir wiene wy mei syn allen ek echt wer oan ta!"