Nije lokaasje Ljouwerter feemerk befalt nei jier "hartstikke bêst"

Hantsjeklap tusken boeren op de feemerk: it bart hast alwer in jier yn de nije feehal op it Ljouwerter yndustryterrein De Hemrik. En dat befalt de measte hannelers en it bestjoer poerbêst.
© Omrop Fryslân
De feemerk yn Ljouwert hat altyd bleatsteld west oan oan feroaringen, sa freegje de hjoeddeiske regels dat it fee mear los yn de hal stiet en minder yn hokken.
De skiep steane yn groepkes tusken lege stekken, sadat mooglike keapers se maklik efter op de rêch beetpakke kinne. Dêr kinne se fiele oft der genôch fleis op de bonken sit.
De skiep is selektearre op type, dus bygelyks de rammen byinoar, lykas âldere of jongere skiep. Oeral is in merk foar. Hannelers skowe tusken de paden troch en de keap wurdt beklonken mei in hantsjeklap. De skieppehannel fynt alle tiisdeitemoarnen fan seis oere ôf plak, sadat de skiep deselde dei al slachte wurde kin.

Ta oan wat nijs

De feehannel Ljouwert wie nei tweintich jier yn it WTC Expo wol ta oan wat nijs. Troch de komst fan it Cambuurstadion kaam dêr wat mear de wyn ûnder. No't de feehannel sawat in jier op it nije plak sit, wurdt de balâns opmakke.
Neffens Max Brinksma, bestjoerslid fan de feehannel, foldocht it "hartstikke bêst."
© Omrop Fryslân
"Eartiids stienen de kij fêst, mar wy wiene der oan ta om se los te driuwen yn hokken. Wy hawwe mei help fan minsken dy't der ferstân fan hawwe it sa ynrochte dat de kij no hiel gemoedlik en los nei de hokken ta rinne kinne ek wer sortearre yn hokken stean kinne foar de ferkeap. En likegoed de keapers as de ferkeapers befalt it bêst."
Tagelyk is de nije hal wol bewurkliker, troch it opbouwen en wer ferpleatsen fan de skieppehokken. De feehannel hat bewust keazen om skiep net yn de hokken foar kij te pleatsen, om't dy stekken heger binne. En mei in leger stek toant de skiep better.
De feemerk op it âlde plak © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Mar alles moat ek wer opromme wurde. It moat wer himmele wurde, want fan 'e middei komme der alwer keallen. En dan moatte wy dat wer opromje en skjinmeitsje, want moarntemiddei komme wer kij", sa leit Brinksma út.
En benammen it himmeljen is hiel wichtich, om't it fersprieden fan sykten tsjinhâlden wurde moat. Trochdat de hal ôfrint, der ôffiergoaten makke binne en hannelers har skuon op in spesjaal spielplak skjinmeitsje kinne, sit it mei de hygiëne wol goed.

It moat wol sa bliuwe

De feehal is der net samar kaam. Finansjeel slagge it earst net om de plannen rûn te krijen. Mar trochdat boeren en feehannelers foar de helte fan it jild soarge hawwe troch obligaasjes en de oare helte by de bank wei komt, is de feemerk der kaam. En sy kinne it ek nei in jier noch finansjeel draaiende hâlde.
"Elts jier wurdt der sa'n 60.000 skiep ferhannele. Oer it oantal binne we tefreden, mar it moat wol sa bliuwe. It idee bestiet dat der minder boeren yn Nederlân komme moatte, mar minsken moatte wol ite. Op de merk wurdt de priis bepaald, dus der moat wol fee komme", seit Brinksma.
De feemerk yn Ljouwert is de iennige yn it noarden fan it lân en dat er noch bestiet, dêr binne se mar wat grutsk op.
© Bornmeer
Om de skiednis fan de Fryske feehannel en feemerken libben te hâlden hat de Stichting Skiednis Fryske Feehannel en Feemerken in boek makke dat sneon presintearre wurdt. It Fries Landbouwmuseum iepenet snein in eksposysje mei ferhalen fan de Fryske feehannel troch de tiid hinne.