Stim fan Fryslân-plannen: fan 'Fryskify' oant 'Buorman & Buorman'

Ynwenners fan Fryslân hawwe by de provinsje tsientallen foarstellen yntsjinne om de posysje fan it Frysk te fersterkjen. Sy diene dat op it nije platfoarm Stim fan Fryslân.
Poepjes by de lansearring fan it projekt © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Der sitte der meast útinoarrinnende ideeën by, lykas in Fryske ferhalebank, 'Buorman & Buorman' yn it Frysk, in plan foar in Fryske Spotify - Fryskify - en in projekt om Fryske rap te ûntwikkeljen.
It is no oan de ynwenners fan Fryslân om te bepalen hokker trije foarstellen elts 15.000 euro krije foar de útfiering. Dat kin troch oant 7 maaie te stimmen op it bêste plan foar de Fryske taal. De stimming is geheim, pas nei 7 maaie wurdt bekend makke wêr't de measte stimmen hinne giene.
Kultuerdeputearre Sietske Poepjes fynt de proef mei it platfoarm goed gean. "Je moatte de dei net priizgje foar't it jûn is, mar ik leau wol dat it in slagge eksperimint is", seit sy.

Taal sjen litte

"Wy hawwe yn totaal 49 plannen binnen krigen. It wie hiel fernijend wat dêr allegearre by siet", jout de deputearre oan. "Fernijende ideeën oer hoe't wy ús Fryske taal noch mear sjen litte kinne yn ús mienskip. Ik hope dêr eins al in bytsje op."
Deputearre Sietske Poepjes
De provinsje hat foar Stim fan Fryslân net samar 'taal' as earste tema útkeazen. "Wy hawwe yn it ramt fan demokratyske fernijing oan de Friezen frege wat sy wichtich fine. As earste oefening hawwe wy it Frysk keazen, want dat sprekt minsken oan", sa hie Poepjes al ferwachte.

Boarger rieplachtsje

It platfoarm kaam ta stân nei't yn 2019 de Provinsjale Steaten in moasje oannamen om in digitaal systeem op te setten dêr't de boarger rieplachte wurde koe. De hjoeddeiske proef duorret oant de simmer.
Gemeenten Ljouwert, Noardeast-Fryslân, Hearrenfean en Dantumadiel nimme ek diel oan it eksperimint. Sy gean troch om it platfoarm fierder te ûntwikkeljen.