AFA fiert aksjedruk op

© Omrop Fryslân
De AFA, Friese Anti Fascisten, sil de aksjes yn 'e rjochting fan de PVV opfiere. Dat hat de askjegroep oankundige. De AFA reagearret dêrmei op de beskuldiging fan de âld-fraksjefoarsitter fan de Fryske PVV, Jelle Hiemstra. Dy hat sein dat syn mishanneling mooglik it wurk west hat fan de AFA Fryslân. De aksjegroep neamt dat in falske beskuldiging en seit dat de anty-PVV-kampanje yntensivearre wurde sil.