Keunstrûte 'Vervlochten' bringt Noardwâlder flechtskiednis foar it ljocht

Yn en om Noardwâlde wurdt hurd wurke oan de keunstrûte dy't freed 6 maaie úteinset. Op ferskillende plakken komme keunstwurken mei it tema 'Vervlochten'.
It sjocht der feestlik út yn Noardwâlde:
Mei kuier- en fytsrûten komt de histoarje fan Noardwâlde as flecht- en rotandoarp foar it ljocht. It ferline krijt in ferbining mei de takomst troch de keunstwurken, leit organisator Sigrid Hamelink út.
"Het gaat over de vervlochtenheid van Noordwolde met de geschiedenis en met de wereld."
Keunstrûte Vervlochten yn Noardwâlde © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De keunstrûte is in gearwurking mei it Nationaal Vlechtmuseum, dêr't de skiednis fan it doarp ferteld wurdt. "Hier is ooit vlakbij een mandenmakerij geweest. Die hoorde bij de Koloniën van Weldadigheid. Dat was het startpunt van het vlechten in Noordwolde. Mensen kwamen hier naar toe en hadden geen werk. Dus ze verzamelden wilgentenen en vlochten daar manden van."

Rotan

Doe't de wylgen op wienen, stapten se oer op rotan. Dat waard ymportearre fanút Yndonezië. "Het werd aangevoerd met de tram, die hier aangelegd werd", seit Hamelink. "Eigenlijk zorgde de tram voor de verbinding met de wereld."
Ien fan de keunstwurken © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Sa ûntstie der in komplete yndustry. It kiezen fan materiaal is ek no, by de keunstwurken, bewust dien. Se brûke recycled guod. De keunstrûte Vervlochten is oant ein oktober.
Ferslachjouwer Ronnie Porte yn Noardwâlde