HEA! Leafde foar Máxima

It hûs fan Piet Jelsma fan Easterwâlde is in soarte fan miny-Oranjemuseum. Al yn de tiid dat hy op de legere skoalle siet sammele hy alles fan it keningshûs.
HEA! Piet syn Oranjemuseum
Dat begûn mei ien teeleppeltsje, mar is yntusken útgroeid ta in grutte kolleksje foto's, servys, boeken en wat al net. De glitter en de glamour, de wielde en rykdom, dat sprekt Jelsma foaral oan. Syn grutte favoryt is wol keninginne Máxima. Se kenne Piet sels werom by besites, omdat hy har dan altyd Fryske dúmkes oanbiedt.