Bylden fan de maitiid: jonge see-earnen yn Koudum krije iten

It is itenstiid foar de trije jonge see-earnen yn it nêst yn Koudum. Yn goed twa wiken binne se al hiel grut wurden.
De pykjes krije iten fan de mem:
Mids april kamen de pykjes út it aai, mar net allegear. Op 17 april waard dúdlik dat der trije pykjes wienen. "Dy is wol trije dagen letter út it aai krûpt." Dat der trije aaien wienen, wist Albert Draaijer earst ek net.
Draaijer folget de fûgels al fiif jier op 'e foet. Hy kin sels ek bot genietsje fan de bylden. "Oan it begjin stutsen der wite kopkes boppe de râne fan it nêst út. Yntusken binne se al in stik grizer."
Albert Draaijer hat noed oer oft der yn de takomst plak bliuwt foar see-earnen
De trije pykjes groeie 'ferskuorrend fluch', seit Draaijer. Ek yn de jongste hat er betrouwen: "Dy is aardich bygroeid, krekt as is er ekstra fanatyk."
Oer de takomst fan see-earnen yn it algemien is Draaijer minder entûsjast. "De plannen fan Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren binne ûngeunstich. Der moatte tefolle solitêre beammen om. Dat hat te krijen mei it greidefûgelbelied. En sy wolle slinken meitsje foar it fersterkjen fan de kust."

Solitêre beammen

Dat is net goed foar de see-earn, want dy hat just sokke beammen nedich. "It falt bot ôf hoefolle fan dy beammen der binne. It moat in bytsje yn de buert fan iepen wetter, by it fretten. Sy briede net midden yn in bosk."
Dêrom besiket Draaijer bestjoerders safier te krijen dat sy solitêre beammen sparje.