Lintsjerein: opfallend protte minsken yn Fryslân beneamd ta Ridder

It reint hjoed wer lintsjes. Yn totaal krije 73 Friezen in keninklike ûnderskieding. Bysûnder is dat yn de ôfrûne tsien jier noch noait sa folle Friezen ûnderskieden binne as Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Der waarden tiisdei in soad minsken yn it sintsje set:
Al sûnt 1815 wurde út namme fan Oranje keninklike ûnderskiedingen takend. It is betocht troch kening Willem I. Hy woe militêren en boargers dy't dingen fan bysûndere betsjutting dien hiene beleanje. Dêrmei is de tradysje al mear as 200 jier âld.
Hjoed wurde yn Fryslân 54 minsken ûnderskieden as Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Dat is in ûnderskieding foar minsken dy't binnen harren gemeente of mienskip wichtich wurk dien hawwe. Meastal giet it dan om frijwilligers.

Mear manlju

Opfallend is de ferdieling fan man-frou. Fan alle dekorearren is sa'n santich persint man en tritich persint frou. Ferline jier wie dat noch in ferdieling fan rûchwei sechstich-fjirtich.
Kommissaris fan de Kening Brok lokwinsket Bearn Bilker mei syn hege keninklike ûnderskieding © Omrop Fryslân
De ferdieling yn leeftiid is ek dúdlik. De measte fan de dekorearren binne tusken de fyftich en tachtich jier. De jongste is 48 jier en de âldste is 86.

In hiel soad ridders

Ek wurde hjoed njoggentjin minsken ûnderskieden as Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau, ien Fries as Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. As we sjogge nei de ôfrûne tsien jier binne dit in hiel soad. Want yn al dy jierren hawwe noait mear as alve minsken sa'n ûnderskieding krigen.
It tal minsken dat riddere wurdt op lintsjereindei:
Ien kin dit lintsje krije as se harren ynset ha mei in regionale of sels lanlike betsjutting.

Betsjutting foar hiel Fryslân

Bysûnder is dat der ek trije minsken binne dy't net in ûnderskieding krije fan harrren boargemaster, mar fan kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dat is foar minsken dy't in eksplisite bestjutting ha foar hiel Fryslân.
Yn jannewaris krige Piet Paulusma noch in ridderlike ûnderskieding fan Arno Brok foar syn ynset foar Fryslân. In oar foarbyld is skriuwster Baukje Wytsma dy't yn 2018 inselde ûnderskieding krige foar har ynspanningen op it mêd fan de Fryske taal.
Bearn Bilker krekt neidat kommissaris Brok him de fersiersels opspjelde
Ald-boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân krige woansdei de heechste ûnderskieding dy't yn Fryslân útrikt waard. Yn de Steateseal waard Bilker ta syn eigen fernuverjen beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Neffens kommissaris fan de kening Arno Brok hat Bilker syn ûnderskieding te tankjen oan it 'oansteklike entûsjasme' wêrmei't de man him al jierren belangeleas ynset foar tal fan Fryske, kulturele en politike organisaasjes.
Bilker hold nei syn útnûging om hjoed nei it provinsjehûs te kommen wol rekken mei in lintsje, mar waard wol in bytsje stil doe't er hearde dat er beneamd wie ta Offisier.
Benijd hokker minsken yn dyn gemeente in lintsje krigen hawwe? Sjoch hjir nei de kaart.