Natuerbrân yn in stik rûchte tusken Bûtenpost en Reahel

De brânwachten fan Kollum en Bûtenpost binne moandeitemiddei oproppen foar in natuerbrân by de Reahelstermieden. Dat wie yn in stik rûchte oan De Tjoele, tusken Bûtenpost en Reahel yn.
© Noordernieuws
De brân waard troch in boskwachter ûntdutsen, de reek luts oer it wetter njonken De Tjoele hinne. Der is net offisjeel bekend makke hoe't de brân ûntstien is, mar mooglik is it troch jongelju oanstutsen dy't op de fyts yn it gebiet wiene.
De brânwacht waard om 14.45 oere hinne oproppen en ferwachtet noch wol efkes dwaande te wêzen om der wis fan te wêzen dat al it fjoer út is.