Brân yn appartemint yn wensoarchsintrum yn Snits, gebou ûntromme

Yn in appartemint yn wensoarchsintrum Nij Nazareth yn Snits is moandei brân útbrutsen. Twa minsken mei sykhelproblemen binne út foarsoarch nei it sikehûs brocht.
Bylden fan de brân yn Snits:
De brânwacht hie opskaald nei grutte brân. Der wie net ien yn it appartemint oan de Sytsingawiersterleane. In protte minsken stienen al gau bûten it gebou.
Neffens omstanners soe de brân yn in waskdrûger begûn wêze, dat befêstiget de brânwacht ek. De masine is út it appartemint wei yn it wetter smiten.

Untromme

Om likernôch 13.20 oere wie de brân ûnder kontrôle. It gebou wurdt wol ûntromme fanwegen alle reek. De bewenners wurde opfongen yn de Frittemahôf, ek yn Snits.
Neffens de brânwacht kinne de measte bewenners yn fazen werom nei harren hûs. Foar in pear bewenners moat in oar plak socht wurde.