Licht optimisme by nije test ierdwaarmtesintrale yn Ljouwert

Yn Ljouwert is snein úteinset mei de twadde test nei de helberens fan in ierdwaarmtesintrale om in part fan de stêd fan waarmte te foarsjen.
Kin der in ierdwaarmtesintrale komme?
Dronebylden makke troch Peter Hering.
In earste test yn oktober smiet in teloarstellend resultaat op. Mar nei de nedige oanpassings oan de ynstallaasje is der no sprake fan licht optimisme dat it goed komt.

Boaiemlaach

De test yn oktober smiet net genôch wetter op. Neffens direkteur Ivar Nijenhuis fan Geocombinatie Leeuwarden, it konsortsium dat it projekt útfiert, is sûnt dy tiid ûndersocht oft de boaiemlaach dêr't it wetter wei komme moat mooglik net goed genôch is of dat de problemen leinen oan de ynstallaasje dêr't mei wurke wurdt.
De ierdwaarmteynstallaasje by Ljouwert © Omrop Fryslân
It liket der neffens him op dat it lêste it gefal is. De ynstallaasje is no oanpast en de hoop is no dat de resultaten better binne.

8.000 hûshâldingen

De resultaten fan dizze nije test binne nei alle gedachten midden maaie bekend. As se posityf útpakke hopet it konsortsium ein dit jier mei de bou fan de ierdwaarmtesintrale útein te setten.
Gert Schurer en Ivar Nijenhuis fan Geocombinatie Leeuwarden © Omrop Fryslân
Under oaren de Achmeatoer en it MCL yn Ljouwert wurde der dan op oansletten.
As it goed giet kin der sa'n 8.000 húshâldens mei fan waarmte foarsjoen wurde.