Tredde 'Dei fan de Hynsteblom' foar it earst bûten fierd

Yn Dútslân, Ingelân en yn ús eigen lân is snein de ynternasjonale dei fan de hynsteblom fierd. En foar it earst koe dat mei inoar en bûten barre. Inisjatyfnimmer Karst Meijer joech útlis en ekskurzjes yn Bûtenpost.
It wie de dei fan de hynsteblom:
Takom jier is dizze fiering lykwols bûten Fryslân, want Meijer giet mei dizze dei op toernee by de provinsjes del om minsken dúdlik te meitsjen dat de hynsteblom in hiel wichtige plant is. Of eins planten; want der binne seker 250 ferskillende soarten.
Meijer is ûnder oare bekend as de man achter it Herbarium Frisicum mei de grutste priveekolleksje drûge planten.
De ynset foar de hynsteblom is neffens Meijer wichtich: "De belangrijkste boodschap is mensen beter naar de paardenbloem gaan kijken en waarderen. De paardenbloem is het boegbeeld van onze biodiversiteit en is belangrijk voor ons allemaal."
In ekskurzje by Bûtenpost op de Dei fan de Hynsteblom © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Koartlyn kaam Wageningen Universiteit noch mei it nijs nei bûten dat de hynsteblom de wichtichste blom is foar de wylde bij.

Ynsekten

En omdat de plant sa'n soad ynsekten oanlûkt is dy neffens Meijer ek hiel wichtich foar it oerlibjen fan greidefûgelpiken. Want dat is it fretten dêr't sy grut op wurde. Dochs binne de hynsteblommen mear en mear ferdwûn út de greiden.
En ek al sjogge je der noch genôch; der binne no soarten hiel seldsum wurden en der driigje soarten út te stjerren dy't earder noch algemien foarkamen. Meijer ropt minsken mei in túntsje ek op om de hynsteblommen net te bestriden.