Iepen dei Spiker Ternaard: apparteminten besjen en oantinkens ophelje

Ternaarders en oare belangstellenden koene sneon it ferboude eardere wensoarchsintrum De Spiker yn Ternaard besjen op in iepen dei.
Ien fan de apparteminten © Sape Schoorstra
It gebou dêr't earder âlderein yn wenne is omboud ta in wenkonsept foar jong en âld. Op dizze wize bliuwt it gebou behâlden foar it doarp.

Dochs gjin sloop

Der hat de ôfrûne jierren in soad te dwaan west oer wat der mei De Spiker barre moast, neidat it ein 2018 de bestimming as wensoarchsintrum ferlear. Dat gie fan plannen ta sloop oant it oanbieden oan it COA foar opfang fan flechtlingen.
Uteinlik waard begjin dit jier dúdlik dat it gebou wer in wenbestimming krige.

Alderein en starters

De ferbou is noch net hielendal klear, mar de ûnderste ferdjipping wol en dy giet ynkoarten yn de ferhier. De apparteminten binne foar âlderein en foar starters bedoeld.
De bûtenkant fan de Spiker © Sape Schoorstra
Sneon kamen in pear hûndert minsken ôf op de iepen dei. Net allinnich om de nije wenningen te sjen, mar ek om oantinkens op te heljen. De Spiker hat in wichtige rol spile foar ynwenners yn de regio.
Yn de earste faze wurde 29 apparteminten klearmakke foar bewenning. Dy binne benammen foar jongerein, mar ek âlderein kin dêr wenje.