Lette goal AZ kostet Hearrenfean punt yn Alkmaar

Sportklup Hearrenfean hat ferlern fan AZ. De Feansters liken lang in punt binnen te heljen, oant AZ krekt foar tiid de winnende goal makke.
Nick Bakker © Orange Pictures
Ole Tobiasen moast it sneon mei in flink oanpaste ferdigening dwaan. Kaib en Dresevic wiene skorst, Van Aken en Van Ewijk blessearre. Dêrom stiene Hamdi Akujobi, Lucas Woudenberg en Syb van Ottele yn de basis.
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Akujobi, Van Ottele, Van Beek, Bakker, Woudenberg; Tahiri, Haye, Halilovic; Van Hooijdonk en Sarr.
Sy stienen suver noch kâld op it fjild doe't Hearrenfean op foarsprong kaam. Mei in magistrale stekpass oer it middenfjild stjoerde Tibor Halilovic Amin Sarr derfantroch.
De Sweedske spits sette de sprint yn en wie elkenien te rap ôf. Each yn each mei doelman Peter Vindahl skeat hy de bal strak yn de linkerhoeke: 0-1.
Amin Sarr en Sydney van Hooijdonk © Orange Pictures
It skeelde net folle oft it wie 0-2 wurden doe't Jordy Clasie Thom Haye delhelle, krekt bûten de sechtjin. Van Hooijdonk mocht oanlizze foar de frije traap, mar Vindahl helle mei syn fûsten de bal út it net.

Mulder grypt yn

AZ waard oan de oare kant hjir en dêr ek gefaarlik. Sa moast Erwin Mulder alris yngripe op in skot fan tichtby en nei in healoere fiske er in frije traap fan Karlsson út de fiere hoeke.
Krekt foar it skoft waard it dan dochs 1-1. In foarset fan Fredrik Midstjø kaam by Jesper Karlsson, dy't syn foet der krekt tsjinoan krige en sa de bal efter Mulder tikke koe.

AZ nimt oerhân

Nei de tee wie it AZ dat de oerhân naam. It kaam hieltyd mear foar de goal fan de Feansters. Oan de oare kant kaam Sarr tichtby syn twadde. Haye luts de sechtjin yn en krige foar de fuotten fan Sarr. Hy skeat, mar seach dat Vindahl de bal kearde.

Musaba mist, Reijnders rekket

De kânsen bleaune foaral foar AZ, oant Anthony Musaba him efkes sjen liet. De ynfaller luts fan healwei it fjild nei foaren, sprinte alles en elkenien foarby en helle fan tichtby út. Mar de hierling fan AS Monaco skeat de bal wyld oer.
Oan de oare kant wie it wol raak. Sam Beukema sette foar en Tijjani Reijnders skeat hurd raak.

Offensyf

Hearrenfean sette yn de lêste minuten noch alles op alles om wer lyk te meitsjen. It waard fuort al gefaarlik doe't Arjen van der Heide de peal rekke.
Sven van Beek besocht it ek efkes mar trof Jordy Clasie. En in pear tellen letter wie it Vindahl dy't de ferdigener fan skoaren ôfhold.