Harkemase Boys mei romme sifers foarby Ter Leede, ONS bliuwt winnen

Harkemase Boys hat goeie saken dien troch direkte tsjinstanner Ter Leede mei grut ferskil te ferslaan. ONS Snits wûn foar de tredde kear op rige.
Berwout Beimers skoarde twa kear © Orange Pictures
Harkemase Boys trof saterdei Ter Leede, de ploech dy't ien plak en trije punten boppe de Harkiten op de ranglist fan de tredde divyzje stie. In wichtige wedstriid, want it gat mei de degraasjestreek is net sa grut.
De taskôgers seagen op sportpark De Bosk dan ek fuort Harkiten yn de oanfal. Nei in pear goeie kânsen, wie it yn de trettjinde minút al raak: Kian Visser notearre syn fyftjinde doelpunt dit seizoen.
Sa'n fiif minuten letter lei ek de 2-0 deryn, ditkear wie it Berwout Beimers dy't de bal yn it net krige. Yntusken krige Ter Leede ek wol wat kânsen, mar skerp wiene se net.

Net fan slach

Dat like nei skoft te feroarjen. Nei sa'n tsien minuten fuotbaljen krige Ter Leede in penalty, nei in ûnnedige oertrêding fan gelegenheidsrjochtsback Dennis van Duinen. Tomas Arroyo skeat raak.
Mar de Harkiten wienen net fan slach en út in yngoai waard wer skoard. Beimers kopte de bal troch op Jhurrey Margaritha, dy't de bal yn it doel kopte.
Jhurrey Margaritha fierde syn goal mei in pear blessearre Boysspilers © Orange Pictures
Trije minuten letter spile Beimers de doelman út om de 4-1 binnen te lizzen.
Flak foar tiid makke Mart Dijkstra it feestje noch kompleet troch mei in frije traap de 5-1 te skoaren. Troch de oerwinning is Harkemase Boys Ter Leede no foarby op de ranglist.
"Berwout Beimers naam de ploech op sleeptou", fertelt assistint-trainer Willem van Kammen

Sinneskyn yn Snits

Nei de ferrassings tsjin Volendam en Eemdijk skynt de sinne wer wat yn Snits. Mar sa't it no stiet, moatte der noch wol play-offs tsjin degradaasje spile wurde. In oerwinning op Berkum soe sneon dus wol fan pas komme kinne.
It begjin fan de wedstriid wie wat gaoatysk doe't de assistent-skiedsrjochter blessearre rekke. Nei in koarte stop wie it Berkum dy't de oerhân hie en skoarde. Tenminste, dat tochten se, want doelpuntemakker Johnsen Bacuna stie bûtenspul.

Rappe goals

Kânsen wiene der net echt foar ONS, oant it yn de 20e minút ynienen 1-0 waard. De ferdigeners en keeper fan Berkum giene de fout yn by in frije traap fan Gabriël Fernando, dy't samar yn it doel bedarre.
Dêrnei gie it los: acht minuten letter brocht Nick Kleen mei in moaie solo Han van Dijk yn stelling. Dy skeat, yn twa pogings, de 2-0 binnen.
Dat duo liet fuort wer sjen goed op inoar ynspile te wêzen. Want trije minuten nei de 2-0 wie it no Van Dijk dy't Kleen fuortstjoerde: 3-0. Oan de oare kant hold doelman Tristan Boersma noch in penalty tsjin.
Berkum kaam goed werom fan de tee en rekke al gau twa kear de peal. Mar dêrnei gie it goed mis foar de besikers doe't Bacuna giel krige, by de skiedsrjochter seurde en sa ek fuort syn twadde en reade kaart pakte.
Dochs kamen de besikers werom ta 3-1 nei in foutsje fan doelman Boersma. ONS wie lykwols noch hieltyd skerper en in kertier foar tiid skoarde Van Dijk de beslissende 4-1.
Arnoud Koster
Bûtenpost, mei it tsiende plak yn de haadklasse B noch net hielendal feilich, moast it opnimme tsjin in lestige tsjinstanner: nûmer twa Urk, dy't noch meidocht om it kampioenskip.
Beide ploegen seagen it earst noch wat oan, mar nei 25 minuten waard de skoare iepene. It wie Hessel Snoek dy't foar de Urkers in 0-1 op it skoareboerd sette.
Bûtenpost koe der yn de earste helte net folle tsjinoer sette. Pas krekt foar skoft kamen de Blaukes ta in serieuze kâns.

Nije nammen

Mei trije wiksels yn it skoft besocht trainer Willem Brouwer it yn de twadde helte wat better te dwaan. In soad levere dat net op, al kaam Bûtenpost mei in slotoffensyf tichtby.
Bûtenpost skoarde sels noch, mar neffens de skiedsrjochter wie dat bûtenspul. Dêrmei bleau it dus 0-1.