Bioboer sjocht neat yn útkeapjen: "Geen regionaal, maar een wereldprobleem"

De oerheid moat boeren oan de râne fan natuergebieten net útkeapje, seit Jan Klaas Santing, dy't ôfstudearre op it ûnderwerp. De ammoniakútstjit fan de bedriuwen dêr komt neffens de bioboer net yn de omkriten del.
Jan Klaas Santing © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
As ôfstudearprojekt ûndersocht Santing sa'n tsien jier lyn de delslach fan ammoniak om fiif feehâlderijen hinne by natuergebiet it Dwingelderveld. Fjouwer bedriuwen dêr hawwe hûndert kij en in grutte boer hat seishûndert.
Het is geen regionaal, maar een wereldwijd probleem.
Jan Klaas Santing
Ammoniak giet hurd omheech. It slacht net del yn de direkte omjouwing. De delslach by natuergebieten komt foar in grut part út oare dielen fan it lân of it bûtenlân wei. "Het is geen regionaal, maar een wereldwijd probleem", sa seit Santing.

Ophâlde mei keunstdong

Om it stikstofprobleem op te lossen is it better om op te hâlden mei keunstdong en yn te setten op ekstinsyf buorkjen mei minder yngrepen yn de natuer. Dat betsjut: ta op gerslân mei in ferskaat oan blommen en oare planten.
De boeren moatte ek in kursus krije hoe't se dat oanpakke kinne. Fierder moatte de kij minder aaiwytryk fretten krije en in tal dagen bûtendoar rinne.

'Utkeapje hat gjin doel'

Boeren oan de râne fan natuergebieten útkeapje hat net folle nut, seit Santing. Dan moat it wol in hiel grutte, yntinsive boer wêze. By lytsskalige boerebedriuwen hat it totaal gjin doel.
Jan Klaas Santing
De útkomsten fan Santing syn ûndersyk hellen de lanlike media. In wiidweidich ynterview mei biologysk feehâlder Jan Klaas Santing is snein te hearren yn in nije ôflevering fan de searje oer boeren en harren takomst yn it programma Buro de Vries, snein by Omrop Fryslân op de radio.