Yn De Alde Feanen is in see-earnepykje út it aai kaam

It Fryske Gea is optein, want de natuerbehearder hat konkludearre dat yn De Alde Feanen wer in see-earnepykje út it aai kaam is.
In see-earn © ANP
It is net de earste kear dat it nasjonaal park yn de omkriten fan Earnewâld it berteplak is fan see-earnen. Al fiif kear hat de see-earn mei sukses yn it gebiet bret. Sûnt 2017 binne der yn totaal acht jongen grutbrocht.

Op de nêstcam

Alles is goed op byld te folgjen, want It Fryske Gea en de Vogelbescherming hawwe in 'nêstcam' pleatst. Op 14 maart waard der in earste aai lein en op 18 maart folge in twadde. It earste pykje is no út it aai wei. Op de nachtbylden is it net hiel dúdlik te sjen, mar der is echt in see-earntsje by.