VV Drachten-frijwilliger Mahmoud oandien nei lintsje: “Voor mij belangrijk”

Mahmoud Bahrami Skanderi út Iran set him al mear as 15 jier yn foar fuotbalklup VV Drachten. Sneon eare de klup him en krige Mahmoud ûnferwachts in lintsje.
Mahmoud krige it lintsje fan de boargemaster fan Smellingerlân © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Mahmoud is mids jierren 90 út Iran wei flechte, dêr't er hiel fertsjinstlik fuotballe as linksback fan it Iraanske nasjonale alvetal ûnder de 21 jier. Uteinlik bedarre hy yn Drachten. Dêr kaam er yn oanrekking mei it fuotbal yn Smellingerlân, doe't syn soan by VV Drachten fuotballle.

VV Drachten as twadde thús

Hy docht sels al frijwilligerswurk fan 2006 ôf en is ek no noch 38 oeren yn de wike aktyf foar VV Drachten. Allinnich op freed is hy frij, Mahmoud is seis dagen yn de wike op de klup. Hy fynt it tige wichtich dat elts team oer goed materiaal beskikt en hâldt de kwaliteit fan de ballen en heskes goed yn de gaten.
Mahmoud is der hast dei en nacht. De klup is eins syn twadde hûs wurden, seit boargemaster Jan Rijpstra dy't him it lintsje opspjelde.
Boargemaster Jan Rijpstra en Mahmoud Bahrami Skanderi
"Weet je dat deze vereniging ongelofelijk trots op jou is, dat je hier bent. Daarom is het zo dat vanwege die verdiensten voor jou voor de club het zijne majesteit de koning heeft behaagd je te onderscheiden als lid in de orde van Oranje-Nassau", sa spruts Rijpstra.

Mahmoud oandien

It lintsje is hiel wichtich foar him, fertelt Mahmoud sels. Hy is emosjonearre en it slagget him net goed om it yn de Nederlânske taal ûnder wurden te bringen.
Mahmoud Bahrami yn de blommen © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
"Voor mij belangrijk", seit er. Hy wiist nei it lintsje. It hinget ticht by syn hert en it docht him deroan tinken dat er goed wêze moat.
Hy wurket dêr hurd en netsjes foar. "Niet vergeten: altijd moet goed doen voor mensen voor iedereen, voor voetbalclub. Heel blij", seit Mahmoud. "Ik proberen altijd goed voor voetbalclub."
Mahmoud syn dochter Diba Bahrami wie ek by de plechtichheid. Sy is wakker grutsk op har heit. "Het is hartstikke bijzonder, ik had het nooit gedacht. Dat hij zo'n waardering krijgt, dat je in de samenleving zoveel kunt betekenen."
Het is een emotionele man, dat is hij altijd geweest. Hij kan zich moeilijk in woorden uitdrukken, maar hij probeert in emoties zijn waardering en dank te laten zien.
Dochter Diba Bahrami
Diba seach dat it har heit rekke. "Hij was ontroerd. Het is een emotionele man, dat is hij altijd geweest. Hij kan zich moeilijk in woorden uitdrukken, maar hij probeert in emoties zijn waardering en dank te laten zien. Dat is mooi."
Dochter Diba Bahrami
Op de woansdeitejûn spilet Mahmoud sels by de feteranen fan VV Drachten. Dêr sjocht hy altyd nei út. Neffens boargemaster Rijpstra en VV Drachten is Mahmoud in úthingboerd foar de klup en in foarbyld foar oaren.