Motorrider ferwûne nei fal op N351 bij Aldeholtpea

By Aldeholtpea is sneontemoarn in motorrider ferwûne rekke. De persoan kaam te fallen op de N351, de trochgeande dyk fan Wolvegea nei Aldeberkeap.
Motorrider ferwûne by ûngelok by Aldeholtpea © Noordernieuws
Om tweintich oer tsienen waarden de helptsjinsten oproppen foar in ûngelok op de Stellingenwei. Nei behanneling yn de ambulânse is de motorrider oerbrocht nei it sikehûs.
De dyk waard by de ôfhanneling fan it ûngelok ôfsletten. It oare ferkear koe oer de suteldyk om it plak fan it ûngelok hinne ride.