Katalaansk feest fan boeken en roazen yn Fryslân: "De bêste tradysje dy't we ha"

De Katalaanske feestdei Sant-Jordi wurdt sneon ek fierd yn Ljouwert. De Afûk adoptearret it 'feest fan boeken en roazen'.
In frou yn Barcelona op de dei fan Sant-Jordi © Shutterstock.com (davide bonaldo)
Op 23 april fiert Kataloanië alle jierren de stjerdei fan de beskermhillige Jordi, of Joris. Neffens de tradysje jouwe manlju dan in roas oan froulju, en froulju in boek oan manlju. Tsjintwurdich docht it geslacht der net mear ta: elkenien jout elkoar roazen en boeken.
Ignasi Ripoll komt út Kataloanië en wennet no goed twa jier yn Frjentsjer. Hy kaam hjir te wenjen omdat syn Nederlânske frou in goede baan by Rykswettersteat yn Ljouwert krije koe. Sels sit Ripoll ek net stil: hy benadere de Afûk mei it idee om Sant-Jordi nei Fryslân te heljen.
Ik tocht: wêrom net besykje om it hjir ek te fieren?
Ignasi Ripoll oer Sant-Jordi
"Katalanen misse Sant-Jordi as we net yn Kataloanië binne", fertelt er. "It is de bêste tradysje dy't we ha. Mar ik tocht: wêrom net besykje om it hjir ek te fieren?"
Wrâldboekedei
De dei fan Sint-Joris (Sant Jordi) wurdt al sûnt de 15e iuw fierd yn Kataloanië, mar pas folle letter begûnen minsken elkoar roazen en boeken te jaan.
Dat barde in lytse hûndert jier lyn op inisjatyf fan skriuwer Vincent Clavel. Hy woe Miguel de Cervantes earje en it boeklêzen promoatsje en kaam dêrom mei it idee fan in spesjale dei fan it boek. Sûnt 1930 wurdt it fierd op de stjerdei fan Cervantes (en fan Shakespeare): 23 april.
UNESCO rôp yn 1995 de datum 23 april út ta jierlikse Wrâldboekedei.
Ripoll en oare Katalanen yn Nederlân benaderen ferskate boekwinkels en biblioteken. Uteinlik wie der ien dy't antwurde: de Afûk. "Ik tink omdat se dêr it belang fan minderheidstalen begripe. Se ha dêr in gefoel by."
Dat spile yndie mei, seit Elisabeth Abels-Gorter, it haad fan de Afûkwinkel. "It Katalaansk is in minderheidstaal, it Frysk is dat ek. We tochten: miskien kinne we elkoar wat opsykje."
23 april is net allinnich de dei wêrop't Sant-Jordi fierd wurdt, it is dan ek Wrâldboekedei. "We fine it moai om dêr ek omtinken oan te jaan", fertelt Abels. "Hielendal yn kombinaasje mei Sant-Jordi is dat in moaie gelegenheid."
De fiering fan Sant-Jordi yn Kataloanië © Shutterstock.com (Lisi4ka)
Dat it ek Wrâldboekedei is, is foar Ripoll in moaie bykomstichheid. Mar it draait dochs echt om Sant-Jordi. "Ik hoopje dat dit wat hingjen bliuwt en dat minsken dit moai fine. It soei moai wêze as minsken ek hjir elkoar alle jierren boeken jouwe. Earst dit jier mar ris sjen."
En by de boeken hearre dus yn Kataloanië ek de roazen. "Yn Kataloanië binne dit jier al seis miljoen roazen ferkocht. Elkenien krijt ien."
Dat is by de Afûk dizze dei ek sa. Elk dy't sneon in boek keapet by de Fryske boekwinkel, krijt dêr in roas by.

Gedichten yn Katalaansk en Spaansk

Der wurdt in hiel programma optúgd by de Afûk foar tusken de middei. Dat begjint mei in foardracht fan gedichten yn it Katalaansk troch ien fan de Assemblea Nacional Catalana, in sivile maatskiplike organisaasje dy't him ûnder oare ynset foar de promoasje fan kultuer en minderheidstalen.
Dêrnei draacht Syds Wiersma in part fan dyselde gedichten foar, dy't foar dizze gelegenheid oerset binne nei it Frysk. Der is ek noch omtinken foar Fryske wiisheden.

Fan elkoar leare

"En fierder hoopje we fansels Fryske boeken oan de man te bringen", seit Abels. "We steane altyd iepen foar dit soart gearwurkingen, hielendal as it te krijen hat mei de promoasje fan de Fryske taal."
En mooglik falt dêrby ek noch wat te learen fan de Katalanen: "We treffe elkoar foar it earst, miskien kinne we elkoar wat helpe."
Dat tinkt Ripoll ek wol. As relative bûtensteander sjocht er wat oerienkomsten tusken it gebrûk fan de twa talen, mar benammen in soad ferskillen. "Yn Kataloanië is de taal mear fan de strjitte. Minsken prate oeral Katalaansk. Ik ha it idee dat it Frysk hjir benammen thús praat wurdt en mei freonen."
As ik hjir 'oant sjen' tsjin ien sis, dan begjinne minsken te laitsjen.
Ignasi Ripoll
Hy hat sels dy ûnderfiningen ek. "Ik ha besocht om wat Frysk te learen. Mar as ik dan 'oant sjen' tsjin ien sis, dan begjinne minsken te laitsjen. Ast yn Kataloanië yn it Katalaansk begjinst, dan wurdt dat just hiel normaal fûn."
Fan dat Katalaanske hopet Ripoll no wat nei Fryslân te bringen, om te begjinnen dus mei de fiering fan Sant-Jordi. "Net allinnich foar Katalanen kin it in moaie feestdei wêze, mar ek foar Friezen."
It is foar it earst dat Sant-Jordi sa fierd wurdt yn Fryslân. Dat gebeurt ek allinnich by de Afûk. As it befalt, soe it samar ris faker kinne. "We moatte even sjen hoe't it útpakt", seit Abels. "Mar as der in protte belangstelling is, dan kin dat seker."