Hearrenfeanferdigener Lucas Woudenberg: "Het is mooi geweest"

Lucas Woudenberg is dwaande mei syn lêste wiken by sc Hearrenfean. De ferdigener wie al meardere kearen ôfskreaun, mar kaam altiten wer boppedriuwen. Nei fiif jier is hy op syk nei wat nijs. "Het is mooi geweest."
Lucas Woudenberg:
"Ik heb hier met heel veel plezier gespeeld", seit Woudenberg. "Maar ik denk dat het voor alle partijen goed is dat we een nieuwe weg inslaan. Ik kijk uit naar iets nieuws."
Woudenberg tekene yn augustus 2017 in kontrakt by sc Hearrenfean dy't de linksback oernaam fan Feyenoord. Yn de fiif seizoenen dat Woudenberg yn Fryslân fuotballe, waard der wakker ûngelyk oer him tocht. Mar, sa seit Woudenberg: "Ik geef nooit op, blijf altijd knokken."

Basisplak tsjin AZ

Tsjin AZ krijt Woudenberg einliks wer in basisplak. Dat komt mei troch de útslutingen fan Ibrahim Dresevic en Rami Kaib en de blessuere fan Joost van Aken. De kâns is grut dat hy as linker sintrale ferdigener spylje sil yn in fiifmansferdigening.
De lêste wiken hat Hearrenfean him knap út de degradaasjesoargen fuotballe. "Of ik me zorgen heb gemaakt", freget Woudenberg. "Zorgen is een groot woord, maar feit is dat we nu weer naar boven kunnen kijken en dan zien we wel wat eruit rolt."
Er spelen ook wel wat dingetjes, maar als het echt concreet is, hoor ik het wel.
Lucas Woudenberg oer syn takomst
Koartlyn krige Woudenberg te hearren dat Hearrenfean syn kontrakt net ferlingje sil en dus sjocht hy om nei in nije klup. "Er spelen wel wat dingetjes, maar ik wil me eerst focussen op het einde van het seizoen. Als het echt concreet is, hoor ik het wel."