Drachtster Boys ferliest alderlêste earedivyzjewedstriid

Drachtster Boys hat har lêste earedivyzjewedstriid mei 6-3 ferlern fan Cagemax út Gorinchem. De Drachtsters lûke harren werom foar takom seizoen.
Drachtster Boys © Twitter @DFTda1
Drachtster Boys begûn min oan de wedstriid. It kaam al fluch op in 2-0 efterstân. Troch in eigen doelpunt fan Cagemax kamen de Drachtsters wol werom yn de wedstriid, mar al gau wie it 4-1. Lisanne Kempe bepaalde de rêststân op 4-2.
Yn de twadde helte brocht Daphne de Jong de spanning werom yn de wedstriid troch de 4-3 te meitsjen. De Drachtsters besochten fan alles om de lêste wedstriid goed ôf te sluten, mar dat slagge net. Yn de slotfaze rûn Cagemax út nei 6-3.

Libertas en Hearrenfean ferlieze fan koprinners

Ek Libertas gie ûnderút. By it skoft wie it al 0-4 foar koprinner Drs. Vijfje. Yn de twadde helte skoarden Silke van der Wal en Sam Bosma noch wol foar de ploech út Damwâld, mar de oerwinning kaam foar Drs. Vijfje net yn gefaar. It waard op it lêst sels noch 2-6.
Op it fjild spile sc Hearrenfean in útwedstriid tsjin koprinner FC Twente. Yn de alfde minút waard it 1-0 troch in doelpunt fan Renate Jansen.
Yn de twadde helte gie it net folle better. Kayleigh van Dooren ferdûbele de foarsprong foar Twente en Ella Peddemors makke der yn de 64ste minút 3-0 fan. Dêrnei waard der net mear skoard.