Bangura op krukken by Cambuur: net tsjin PSV en seizoen mooglik foarby

SC Cambuur kin tsjin PSV net beskikke oer linkerferdigener Alex Bangura. Hy is tongersdei op de training blessearre rekke oan it ankel en rûn freed op krukken troch it stadion.
Ynterim-trainer Dennis Haar oer de blessueres fan Bangura en Stevens
"Het is klote voor hem en voor ons", fertelt ynterim-trainer Dennis Haar. "Op de afsluitende partij ging een onschuldige botsing samen met een schreeuw. Dat leek een slecht teken en bleek ook wel."
Oft it dêrmei ek einde seizoen is foar Alex Bangura, kin Haar net sizze. "Maar het is niet in één of twee dagen weer over."
Alex Bangura yn aksje yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles © Orange Pictures
De technyske stêf is der noch net oer út wa't Bangura ferfange sil yn de wedstriid tsjin PSV fan sneon. Sekou Sylla soe in logyske opsje wêze, mar ek Jhondly van der Meer of David Sambissa soe dêr spylje kinne.

Sonny Stevens

Sonny Stevens is der noch net by tsjin de Eindhovenaren. De keeper slút kommende wike wer oan by de groepstraining. De langer blessearre Maxim Gullit en Tom Boere ûntbrekke sneon ek.
Hoe kin SC Cambuur PSV bestride?
As de Ljouwerters nei de statistiken sjogge, dan sakket de moed harren yn de skuon. Noch noait wist Cambuur in wedstriid te winnen fan PSV.
Wêr tinkt Haar dat it foar syn ploech dochs te heljen is? "Strijd zullen we moeten leveren. Als we de bal hebben zullen we via positiespel tot kansen moeten komen. Het wordt een zware dobber, maar zeker niet onmogelijk."
De wedstriid tusken SC Cambuur en PSV begjint sneontejûn om 21.00 oere en is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint al om 18.30 oere, as sc Hearrenfean op besite giet by AZ.
Ek is de heale finale fan de follybalplay-offs fan VC Snits te folgjen yn it ekstra sportprogramma.
Dêrby kin Cambuur hoop helje út de wedstriden dy't it earder dit seizoen spile tsjin Ajax en Feyenoord. Beide giene mei 3-2 ferlern, mar de topklups hiene it beslist net maklik. Haar: "Die wijze zullen we moeten hanteren om ook PSV te lijf te gaan. Ervanuit gaande dat de score nu een keer de goede kant op valt."

Alde bekenden

Foar de trainer betsjut it in lytse reüny. Hy wurke tusken 2017 en 2019 as coach by Jong PSV en hie ûnder oaren Jordan Teze, Mauro Júnior en Cody Gakpo yn syn team. Dat binne no de sterkhâlders fan it earste by PSV. "Het is vooral leuk om ze weer te zien en ze weer even te spreken."
Nei PSV wachtet de Fryske derby en dat libbet al, fernimt Dennis Haar
Nei de wedstriid tsjin PSV giet de blik by Cambuur nei de folgjende wedstriid. En dat is de Fryske derby tsjin sc Hearrenfean. It wurdt foar Haar syn earste Fryske derby en hy fernimt al dat de spanning tanimt. "Dat leeft, daar kun je niet omheen."
"Bij de spelers is het eerst deze wedstrijd. De focus is morgen echt wel op de wedstrijd tegen PSV, maar dit komt er wel bij", doelt Haar op supporters dy't harren hearre litte en ekstra ynterviewoanfragen. Mar hy lit it gewurde en sil syn spilers net dêrfan weihâlde. "Dat hoort ook zo en dat is mooi."