FNV driget mei stakingen yn it iepenbier ferfier

FNV Streekferfier driget mei aksjes as de wurkjouwers net yngeane op de cao-easken fan it fakbûn. Dat stiet yn it ultimatum dat FNV nei de wurkjouwers stjoerd hat. It ultimatum rint ôf op 3 maaie om 12 oere.
In eardere aksje yn it streekferfier © ANP
De wurkjouwers hawwe in einbod op tafel lein, mar dêr is ferline wike troch de wurknimmers massaal tsjin stimd. De leden fan it fakbûn wolle ûnder mear dat de ynflaasje kompensearre wurdt en dat der in leansferheging fan 100 euro yn 'e moanne komt.

Hege wurkdruk, amper skoft

Mar miskien noch wol wichtiger is dat der te min oplossingen foar de wurkdruk binne. Sa seit ek Edwin Kuiper fan FNV Streekferfier Noard-Nederlân. "Er zijn in het eindbod geen werkdrukverlagende maatregelen genomen. En als klap op de vuurpijl wordt er ook nog meer productiviteit en efficiency gevraagd, maar dat kan niet met het ziekteverzuim en het tekort aan personeel."
Bussjauffeurs hawwe no al lêst fan dy hege wurkdruk, sa fertelt Kuiper: "Bijvoorbeeld chauffeurs van Arriva in Fryslân hebben te krappe overstaptijden. Dat heeft als consequentie dat chauffeurs amper pauze kunnen nemen. En dat zorgt dan ook weer voor vertragingen."
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De nije cao moat mei weromwurkjende krêft jilde fan 1 july 2021 oant 31 desimber fan dit jier. Yn it streekferfier wurkje yn Nederlân yn totaal sa'n 13.000 minsken.

Aksjes

Mochten de partijen der net útkomme, dan is der kâns op in staking. "Wij gaan daar met leden over spreken. Er zijn de afgelopen maand vier bijeenkomsten gehouden in Fryslân, en daar bleek dat de actiebereidheid hoog is."
Edwin Kuiper fan FNV Streekferfier Noard-Nederlân
Kuiper seit dat se har der bewust fan binne dat dit net goed is foar de publike opiny oer it iepenbier ferfier, mar hy leit de skuld dêrfoar by de wurkjouwers. "Het is aan de werkgevers om over de brug te komen, en zij hebben de taak om de staking te voorkomen."
Wol wolle de bûnen by in eventuele staking rekken hâlde mei de skoaleksamens dy't noch op it programma steane.