De toan fan Nelleke IJssennagger: "Yntuysje"

"Mei heldere gebearen waarden de Nederlânske en Fryske ynlieding op it sympoasium Erkende Talen oerset troch in gebaretolk. In gesicht dat wy sûnt de coronaparsekonferinsjes gelokkich hiel gewoan fine, mar dat ik my fan dêrfoar eins net heuge kin.
Nederlânske gebaretaal is ien fan de talen, njonken Frysk, Nedersaksysk, Limboarchsk, Romanes, Jiddysk en Papiamintsk, dat sintraal stiet op it tredde sympoasium organisearre troch it ministearje fan Ynlânske Saken, as lêste, pas ôfrûne simmer erkende taal nei in jierrenlange striid.
Foar it kongres dat yn Wolvegea plakfynt, midden tusken it Nedersaksysk, Frysk en Stellingwerfsk, lês ik op de webside fan de NOS dat der in gebear foar 'ta slaaf makke' yntrodusearre is yn de Nederlânske gebaretaal. Ek gebaretaal ûndergiet feroaring en past him oan oan de tiid en oan de kontekst.
Emansipaasje is it tema fan de dei. Us Fryske deputearre begûn sawol yn it Frysk en, sa't se oanjout, by útsûndering yn it Nederlânsk en mei it boadskip dat taalfleksibiliteit in goede eigenskip is, wichtich by taalemansipaasje.
Mei dy resinte diskusje oer Frysk of Nederlânsk yn de efterholle harken de Fryske oanwêzigen mei oandacht nei de ferhalen oer taalemansipaasje en taalhâldingen. De iene sprekster naam ús mei troch fiif senario's fan taalemansipaasje, út de fraach wei hoe marginalisearre talen har nei erkenning ek werklik emansipearje kinne as fiertalen yn it publike domein. In nijsgjirrige fraach dy't ta nijsgjirrige refleksjes late. De oare sprekster hold ús in spegel foar oangeande ús taalgewoanten. Ferbrekke wy of net, en wêrom?
Untkenning, striid, identifikaasje en en úteinlik ynbêding en it bewust kiezen foar gebrûk fan dy eigen taal, wy werkenne it allegearre. Fan striid mei wer in sterke tsjinreaksje, want striid foar in plak fan it ien neist it oare, kin somtiden ûnterjochte sjoen wurde as striid tsjin it oare. Fan it wol erkennen mar net ynbêden wêrtroch't der op papier meartalige diversiteit is mar yn de praktyk net. Fan taal brûkt as tsjokken, as in hippe trend dy't koart en oerflakkich omearme wurdt sûnder de ûnderlizzende betsjutting, kultuer, skiednis en wearde te omearmjen. En úteinlik de ynbêding, dy't betsjut dat in taal ek werklik yn it publike domein fierd wurdt, net tsjin de dominante taal, mar as ek in wichtige en erkende taal. Ek yntuïtive taal, dy't ynset wurdt wannear't der gjin sprake is fan folsleine taalûntwikkeling of standerdisearring, heart derby.
Yntuysje komt ek by taalgewoanten nei foaren ta, want minderheidstaalsprekkers lêze faak in oar om yntuïtyf te bepalen hokker taal oft se sprekke, sa waard ús ferteld. Oannames spylje dêrby in folle gruttere rol as wy ús bytiden bewust binne, yntuïtyf farre wy dêrop.
Yntuïtive taal fyn ik in moai begryp. En in handich fenomeen, want wit ik wat net seker, dan doch ik it yntuïtyf en dat sil foar in soad minsken jilde. Sels de regels fan it Nederlânsk dy't ik earder leard haw pas ik no yntuïtyf mar wierskynlik ynsletten yn it ûnderbewuste ta.
Ik moat tinke oan in eardere professor, dêr't ik ea mei oan in Europeesk projekt wurke. Wy soene kontakt opnimme mei in hege kultueramtner yn Rome. De professor, dêr't ik fan wist dat er floeiend Frânsk prate, pakte de telefoan en begûn animearre in petear yn it Italiaansk, mei de hope útkomst fan taseine stipe. "Praatsto no ek al Italiaansk?", sei ik fol bewûndering. "Nee hear", sei de professor, "mar mei in bytsje gefoel en leauwen komst in hiel ein." Yntuïtyf hie er it Italiaansk goed oanfield. Myn oanname en dy fan de amtner yn Rome wie dêrom dat er Italiaansk koe.
Wat de dei oer erkende talen ús leart is dat by taal de kontekst en ús oannamen altyd in wichtige rol spylje. En dy, dy lêze wy mei earen of eagen, alhiel yntuïtyf."