Papiamentu krijt deselde status as Frysk: gebieten sykje gearwurking

It Frysk is ynkoarten net mear de iennichste minderheidstaal dy't yn Nederlân op it heechste nivo erkend wurdt. It Papiamentu op Bonêre krijt dy status ek. It smyt in bysûndere gearwurking op, wêrby't Fryslân ek fan Bonêre leare kin.
Nederlânsk, Papiamentu en Ingelsk op Bonêre © ANP
Nederlân is fan doel om it Papiamentu deselde status te jaan as it Frysk. De erkenning op it heechste nivo is bedoeld foar talen dy't ek brûkt wurde yn de media, it ûnderwiis, it iepenbier bestjoer en de rjochtbank.
No't dy erkenning fan it Papiamentu tichtby is, wol de Fundashon Akademia Papiamentu graach gearwurkje mei Fryslân. De Akademia Papiamentu soe bygelyks graach trijetalige skoallen op it eilân hawwe wolle of in lytse Karibyske Afûk foar kursussen en taalpromoasje.

Amtners en soarchmeiwurkers leare de taal

Mar neffens presidinte Elsmarie Beukenboom fan de Akademia kin Fryslân ek it nedige fan Bonêre leare. Sa hat it eilânbestjoer yn 2020 yn in bestjoersôfspraak mei Nederlân ôfpraat dat alle amtners en soarchmeiwurkers op it eilân ferplichte binne om Papiamentu te learen as se op it eilân wurkje wolle.
Beukenboom sjocht der dan ek fan op dat yn Fryslân noch gjin fergelykbere ferplichting bestiet.
Europeesk Hânfêst foar Minderheidstalen
It Europeesk Hânfêst regelet de erkenning fan minderheidstalen. Dy erkenning kin op trije nivo's. As in taal opnaam wurdt yn Haadstik 3 fan it hânfêst, dan betsjut it dat in lân it measte dwaan moat om dy taal te beskermjen en te befoarderjen.
It Frysk wie de iennige taal dy't binnen it Nederlânske keninkryk dy status hie, mar dêr komt it Papiamentu dus by.
Om kontakten te lizzen en om sjen te litten dat it Papiamentu by de erkende talen fan Nederlân, heart wie tongersdei in grutte delegaasje Papiamentusprekkers oanwêzich op it sympoasium oer taalemansipaasje yn Wolvegea. Dat waard organisearre troch it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.
Papiamentu op it sympoasium yn Wolvegea © Omrop Fryslân
It eilân Bonêre is sûnt 2010 in 'bysûndere gemeente' fan Nederlân. Sûnt dy tiid stiet it Papiamentu op Bonêre neffens frou Beukenboom ûnder druk.
Op de skoallen op it eilân wurdt sûnt 2010 folle minder les jûn yn it Papiamentu. Boppedat hawwe folle mear Europeeske Nederlanners har op it eilân nei wenjen set. "De bevolking is de laatste tien jaar enorm gegroeid. Als we niet oppassen worden we een minderheid op ons eigen eiland."

Wurkbesite yn Fryslân

Om har te oriïntearjen, hat Beukenboom dizze wike in besite brocht oan de trijetalige basisskoalle fan Earnewâld en ek besites ôflein oan de Afûk, it Bildts Aigene yn Sint-Anne en de Fryske Akademy. Se fynt dat de gearwurking tusken Bonêre en Fryslân hannen en fuotten krije moatte soe sadree't it Papiamentu deselde status hat as it Frysk.
Presidinte Elsmarie Beukenboom fan de Akademia Papiamentu
It jierlikse sympoasium fan it ministearje oer Erkende Talen wie tongersdei yn Wolvegea omdat de gemeente Weststellingwerf hjoed-de-dei it taalbelied fan folslein Nedersaksysk Nederlân - fan Nijeskâns oant de Achterhoek - koördinearret.
Wethâlder Roelof Theun Hoen is no de 'bestjoerlike lûker' fan it Nedersaksysk. Hy is fan betinken dat njonken de belutsen provinsjes Grinslân, Drinte, Fryslân, Oerisel en Gelderlân ek de Nedersaksyske gemeenten aktyf oan de slach moatte mei it Nedersaksysk taalbelied.
Hoen is dan ek bliid dat ek de gemeenten Bunschoten en Urk harren offisjeel oanslute sille by de Nedersaksyske gearwurking.
We kunnen ook gebruik maken van zaken die de provinsje Fryslân heeft ontwikkeld.
Roelof Theun Hoen oer it belied fan it Nedersaksysk
"De gemeentes zitten om tafel met de scholen in hun gemeente. Dan ben je in de positie om in gesprek te gaan over het Nedersaksisch of het vak 'Heemkunde' dat wij in de Stellingwerven hebben."
De gemeenten en de provinsjes kinne neffens him al winst helje troch de meast suksesfolle tydskriften en learmetoades fan inoar oer te nimmen. "We hoeven niet allemaal het wiel opnieuw uit te vinden. We kunnen ook gebruik maken van zaken die de provinsje Fryslân heeft ontwikkeld."

Yn oerlis mei bewenners

Hoen wol yn syn eigen gemeente ek oan de slach mei de sichtberens fan de taal, mar dan wol by foarkar yn oerlis mei de bewenners fan de ferskate doarpen. "Niet opleggen, maar wel stimuleren en faciliteren."
Om in slinger te jaan oan de Nedersaksyske gearwurking is freed yn Wolvegea in wurkkonferinsje Nedersaksysk oer ferskate tema's, lykas de relaasje tusken streektaal en jongerein.
Wethâlder Roelof Theun Hoen fan Weststellingwerf
Ynlieder en keynotesprekker Willemijn Zwart út Enschede wie tongersdei planút kritysk oer it effekt fan it erkennen fan talen as it Frysk, it Nedersaksysk en it Limburchsk yn it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen.
It sympoasium oer taalemansipaasje yn Wolvegea © Omrop Fryslân
It Nedersaksysk en it Limburchsk binne erkend yn Haadstik 2 as talen dy't beskerming fertsjinje, mar sûnder bysûndere status foar rjochtsferkear en iepenbier bestjoer. It Frysk hat dat wol.

Gjin positive gefolgen

Neffens frou Zwart is dy erkenning oant no ta noch fierstente folle in 'papieren werklikheid' sûnder positive gefolgen foar it deistich libben fan de sprekkers fan dy talen.
Willemijn Zwart wie kritysk
Se fynt dat erkenning ek heart te betsjutten dat de erkende talen 'mear romte' krije yn it ûnderwiis en de soarch. De Nederlânske steat en sprekkers fan it Nederlânsk soene it taalferskaat binnen Nederlân mear akseptearje en omearmje moatte op deselde wize sa't ek seksuele minderheden akseptearre wurde.

It ferskaat omearmje

Mar Zwart hold ek aktivisten fan minderheidstalen in spegel foar. Dy binne gauris bliid mei saken dy't se berikt hawwe of mei in popgroep dy't yn de streektaal sjongt. "Taal is geen trend en stilstand is achteruitgang. Het gaat er om dat de taal wordt ingebed in het dagelijks leven. Strijd niet tegen andere talen, maar omarm de diversiteit, daar kom je uiteindelijk het verst mee."