Fries yn Lviv wie krekt foar raketynslach fuort: "Miskien wol in beskermingeltsje"

"Hoe hat it safier komme kinnen?" Dat freget Willem Nammensma him ôf. Hy wennet yn it Oekraynske Lviv. "Mar je moatte ek net te folle tinke. Gewoan soargje dat je feilich bliuwe."
Willem Nammensma © Eigen foto
Willem Nammensma komt fan Seisbierrum, mar wennet yn Oekraïne. Dêr wurket er foar in grut lânboubedriuw, dat op 't heden drok dwaande is om it lân fan iten te foarsjen.
Ek yn it relatyf feilige Lviv, yn it westen fan Oekraïne, fernimme se hieltyd mear fan de oarloch. "It loftalarm gie krekt wer doe't ik thús kaam, dat hat wol sa'n fyftich minuten duorre. Ik bin wol efkes de kelder yn gien. It alarm wie net allinne foar Lviv, eins foar hiel it lân. Mar de driging is der wol."
Oan de iene kant ferwachtet Nammensma de Russen net gau yn Lviv. "Mar men ferwachtet wol oanfallen op kritike ynfrastruktuer. Spoarwegen en oaljedepots, soksoarte dingen."
As dy leech oerkomme, dan hearre je in skel en swier lûd.
Willem Nammensma oer de krúsraketten
Op it lân en yn de doarpen sil der net safolle barre. "Mar yn de stêd rinne je in grutter risiko, want dêr stjoere se krúsraketten nei ta. As dy leech oerkomme, dan hearre je in skel en swier lûd. Dat bliuwt je wol by."
De minsken binne lang net feilich yn it lân en dat wurdt op guon tiden hiel dúdlik. "Gewoanwei gean ik faak tusken 6.30 en 7.00 oere op 'en paad. Moandei wie ik om 6.00 oere al fuort. En ferdoarje: om 6.45 falt der in raket yn de stêd. Dan tinke je wol dat je miskien in beskermingeltsje hawwe, dy't seit datst fuort wêze moatst."

Stress en spanningen

Nammensma fernimt stadichoan wol mear de gefolgen fan de oarloch. "It smyt stress op, foar dysels en foar thús. It is sa't it is op dit stuit. Mar je fernimme der wol spanningen fan. Sa no en dan haw ik wat hertkrampen en wat druk op de boarst, al soe eltsenien yn dizze situaasje dat wol hawwe. En je hawwe in koarter lontsje."
De Fries om utens nimt goed in wike fakânsje om werom nei Fryslân te kommen, by syn famylje op besite. Uteinlik giet de famylje altyd foar, seit Nammensma.

Mei de skonken yn twa wrâlden

"Doe't wy nei Oekraïne ta giene, seine wy as húshâlding: wy dogge it mei syn fjouweren, of net. Om foar te kommen dat je mei de iene skonk yn de iene wrâld steane en mei de oare skonk yn in oare wrâld."
Troch dizze omstannichheden hat er dat no wer. "As je útnaaie, litte je de kollega's yn de steek. As je bliuwe, litte je dyn famylje yn de steek. Dan moatte je wiis en rasjoneel wêze."
Nammensma wie lêst ek al even thús © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Nammensma is wol benaud wat der yn de kommende 2,5 wiken yn Oekraïne barre sil. "9 maaie is in wichtige dei yn Ruslân, de dei fan de oerwinning. Dan wol Poetin syn grutskens en oerwinningen sjen litte. Dy moat er dan wol hawwe, dat besiket er no yn it Easten fan Oekraïne."
Benammen it Easten sil dêrfan te lijen hawwe, tinkt er. Mar foar Poetin giet it ek net like maklik.

Foarsizzing

"It is al in hiele toer om yn it Easten wat foarinoar te krijen en te hâlden, lit stean yn it Westen. Dêr kin er allinne mar destruktyf en op ôfstân bombardearje", tinkt Nammensma. "Ik leau net dat Ruslân de mooglikheden, manskappen en moraal hat om nei Lviv ta te lûken mei tanks."
Beharkje hjir it folsleine petear mei Willem Nammensma: