MOA helpt al 5 jier minsken nei wurk: "Fiele dat sy by de mienskip hearre"

De Maatschappelijke Onderneming Achtkarspelen (MOA) bestiet fiif jier. It soarget derfoar dat ynwenners dy't fanwege in beheining dreech oan in baan komme kinne, dochs wurk krije.
Froulju oan it wurk foar MOA (Maatschappelijke Onderneming Achtkarspelen) © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De MOA stapte fiif jier lyn út de sosjale wurkfoarsjenning Caparis en pakte de begelieding nei wurk ta sels op. It earste lustrum waard op de MOA-lokaasje yn Surhústerfean fierd.
MOA jout op dit stuit begelieding oan 160 minsken dy't in arbeidsbeheining hawwe, likegoed lichaamlik as geastlik. "Sy hawwe muoite om in baan te finen. Dy begeliede wy nei wurk, of sy kinne hjir oan de gong", fertelt direkteur Sipko Postma fan MOA.

It sosjale part

By MOA sels wurkje op dit stuit 90 manlju en froulju. De measten fan har wurkje yn it grien en ûnderhâlde de sportfjilden yn de gemeente Achtkarspelen. "It wurk is wichtich, mar it sosjale aspekt is folle wichtiger. Dat sy hjir fiele dat sy by de mienskip hearre."
Ek de manlju binne drok yn 't spier © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn it naai-atelier wurket Willy Dijkstra. "Het bevalt me prima, het is echt een feestje hier om elke dag te werken. Het is belangrijk voor me om mee te doen en anderen te begeleiden", fertelt se.

"Een warm bad"

Ek Renske Harders is naaister. Sy makket spesjale bankstelhoezen dy't de hiele wrâld oer geane. Se fynt de sfeer by MOA geweldich. "Heel gemoedelijk, het is een warm bad. Iedereen helpt elkaar, ik heb het hier reuze naar m'n zin."