Nôtsûger opkalfatere: "Hoe langer je hem kent, hoe bijzonderder hij wordt"

Hast in jier lang is der skjirre, skildere en ompield oan de histoaryske nôtsûger op de skipswerf fan Talsma yn Frjentsjer. Mar lang om let kin de hast 100-jierrige masine it wetter yn.
Sa stie de opkalfatere masine yn Frjentsjer:
Nôtsûgers waarden oant de jierren 70 brûkt om nôt (graan) fan it iene yn it oare skip te laden. It is de lêste nôtsûger fan Europa en it Maritiem Museum yn Rotterdam hat mei help fan de Flaamske oerheid en fûnsen twa miljoen euro foar de restauraasje útlutsen.
De grutte restauraasje wie nedich, want oars wie de 30 meter hege masine ferlern gien.
Gerben Nab fan it Maritiem Museum © Omrop Fryslân
"Hoe langer je hem kent, hoe bijzonderder hij wordt", fertelt restauraasjebegelieder Gerben Nab fan it Maritiem Museum, wylst er optein nei de masine sjocht.
"Ik ben altijd onder de indruk van hoe ze dingen vroeger maakten. Dat merk je ook nu de werf het hier weer probeert te restaureren. Hoeveel moeite dat kost, zelfs met moderne technieken, terwijl ze dat toen blijkbaar zomaar allemaal konden", seit Nab.

50 minsken oan wurke

Want muoite, dat hat it wol koste. Hast in jier lang is der mei in lytse fyftich minsken oan wurke, seit sales engineer Sjoerd Hofland fan Talsma Shipyards. "Wy hawwe gjin grutte tsjinslaggen hân, mar binne bliid dat er safier is. Ek yn de jûnsoerkes en wykeinen hawwe wy oan it skip wurke."
Dit is ien fan de pronkjes dy't wy hjir hân hawwe. Miskien hast wol it meast bysûndere projekt dat wy dien hawwe.
Sjoerd Hofland fan Talsma Shipyards
Mar sa'n grut projekt is in boppeslach foar it bedriuw. "Dit is ien fan de pronkjes dy't wy hjir hân hawwe. Miskien hast wol it meast bysûndere projekt dat wy dien hawwe."
Sjoerd Hofland fan Talsma Shipyards © Omrop Fryslân
Tongersdei waard it skip wer yn it wetter lein, mar hy bliuwt foar de lêste saken noch twa wiken by de werf lizzen.

Fan bûten nei binnen

Dêrnei giet er mei in sleepboat wer nei Rotterdam, mar dan is de sûger noch net klear, fertelt Nab. "De buitenkant is opgeknapt, maar nu moeten we binnen nog verder. Nu gaan we naar de techniek: de stoomleidingen, de afsluiters, de stoommachine zelf."
De nôtsûger op tsjillen © Omrop Fryslân
En wannear't de nôtsûger dan echt hielendal wer klear is om it pronkje fan it museum te wêzen? "Dat hangt een beetje van het geld af, maar ik hoop eind dit jaar."