Fêste wetterskipssitten foar boeren, bedriuwen en natuer fuort? "Niet van deze tijd"

Wetterskipsbestjoeren moatte hielendal demokratysk wêze en belangegroepen meie gjin fergese sitten mear krije. De Twadde Keamer praat jûn oer dat foarstel fan D66 en GrienLinks.
Tjeerd de Groot (D66) © ANP
Belangegroepen út de lânbou, it bedriuwslibben en natuerorganisaasjes krije no noch automatysk in tal sitten. By Wetterskip Fryslân is dy ferdieling respektyflik 3, 2 en 2 sitten.
D66 en GrienLinks fine dat net mear fan dizze tiid en boppedat net demokratysk genôch. De twa partijen stelle foar om de Wetterskipswet en de Kieswet oan te passen.
De belangegroepen sels binne it net iens mei de foarnommen wiziging. "Geborgde zetels zorgen voor een afgewogen belangenafweging in de waterschappen", fynt lânbou-organisaasje LTO bygelyks. "De agrariërs in de waterschapsbesturen worden gewaardeerd om hun nuchterheid en gebiedskennis."

Taken wurde algemiener

Mar wat Keamerlid Tjeerd de Groot fan Wâldsein oanbelanget is dy gedachte achterhelle. Neffens him feroaret de funksje fan de wetterskippen. "Ze hebben tegenwoordig een veel meer algemene taak. Eerder werd er veel meer vanuit het boerenbelang gezorgd dat we de landbouw productief konden houden, maar de afweging moet nu veel breder."
De kieswet op it mêd fan wetterskippen is faker feroare. Oant 1920 mochten allinnich eigeners fan lânbougrûn stimme, letter kamen dêr eigeners fan gebouwen by. Yn 1978 koene ek gemeenteriedsleden en it bedriuwslibben meibeslute.
Pas yn 1995 wienen de earste algemiene wetterskipferkiezingen foar alle boargers mei stimrjocht.
De Groot tsjinne mei Laura Bromet (GrienLinks) de wetswiziging yn. Se fine it net terjochte dat guon groepearrings op dizze wize fertsjintwurdige binne sûnder dat se keazen binne. Oare partijen tinke likegoed om it belang fan bygelyks boeren.
It tal demokratysk keazen boeren yn de bestjoeren leit yn in grut part fan de wetterskippen sels heger as it tal dat der mei de fêste sitten yn komt.
In de Tweede Kamer geven we ook geen zetels aan Natuurmonumenten, Unilever en Shell?
Tjeerd de Groot (D66)
"En de taken van het waterschap komen steeds meer in het algemene belang", seit De Groot nochris. "Dan moet je dat ook zo organiseren, een niet een derde van de zetels aan speciale belangen geven. In de Tweede Kamer geven we ook geen zetels aan Natuurmonumenten, Unilever en Shell?"
De druk op de wetterskippen is tanaam, sizze de twa inisjatyfnimmers. Om te begjinnen skommelet de wettertafier hieltyd mear as gefolch fan de klimaatferoaring, tagelyk stiet de wetterkwaliteit ûnder druk.

Wetterkwaliteit min

Sa warskôge minister Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat dizze wike noch dat de wetterkwaliteit yn Nederlân net yn oarder is. Dat kin projekten en oare ûntwikkelingen sels dwers sitte.
Benaud dat de wetterskippen yn in nij systeem lest krije fan 'politike spultsjes' is De Groot net. "Je hebt ook minder mooie kanten aan de politiek, maar de mensen die namens politieke partijen nu in de waterschappen zitten, hebben veel verstand van zaken. Ik denk dat het helemaal goedkomt."
Der wurdt tongersdeitejûn noch net stimd. De Groot doart ek net te sizzen oft in mearderheid fan de Twadde Keamer efter syn idee stiet. "Het is altijd spannend, maar voor andere partijen is dit ook een kans om de waterschappen klaar te maken voor de toekomst."