Ynternasjonale studinten: duorsume oanpak yn Fryslân is mooglik

De gedachte dat wernijbere enerzjy djoerder is as 'gewoane' enerzjy moat fan tafel. Dat is de konklúzje fan in groep masterstudinten yn Ljouwert.
Wynmûnen yn Fryslân © ANP Foto
In groep fan 35 masterstudinten út de hiele wrâld hat him de ôfrûne perioade stoart op de útdagingen yn Fryslân op it mêd fan duorsumens. Us provinsje is dêrfoar perfekt, seit koördinator Nynke Kloppenburg.
"Fryslân is een heel ambitieuze provincie op het gebied van duurzaamheidsdoelstellingen. Er lopen hier veel interessante projecten."
De studinten Environmental & Energy Management komme fan oer de hiele wrâld, bygelyks Nikaragua, Spanje en Iran. Se studearje oan de Universiteit van Twente, mar sitte yn it gebou fan Van Hall Larenstein. "Als je hier gevestigd bent, kijk je ook naar de directe omgeving."

Brûkber yn oare lannen

Foar bûtenlânske studinten dy't hjir sitte, is it earst even wennen. "De eerste maanden bestaan uit verwondering hoe het er hier uitziet. Wat hier belangrijk is, is dat ze heel veel ervaringen kunnen vertalen naar andere landen."
Klimaatferoaring spilet nammentlik oer de hiele wrâld: "Bij bepaalde oplossingen heb je allerlei partijen nodig om tot een goede oplossing te komen. Dat is niet alleen hier zo."
Ien fan de studinten oan de oplieding is Merel van Helten. Se siet yn in projektgroep mei studinten út Yndonezië, Maleisië en Grins.

Wernijbere enerzjy foar laadpeallen

Se ha dwaande west mei laadpeallen yn Fryslân. "We zijn voor een bedrijf gaan kijken of ze kunnen samenwerken met hernieuwbare energiemaatschappijen, zodat ze voortaan laadpalen zo kunnen aansluiten dat er alleen nog maar wordt opgeladen met hernieuwbare energie."
By dat ûndersyk ha de studinten kontakt hân mei de gemeente Ljouwert, klimaatsaakkundige Bouwe de Boer en mei de Freonen fan Fossylfrij Fryslân. "Want die zijn heel erg bezig met de verduurzaming van de mobiliteitssector. Daar is dit ook een onderdeel van."

Ferduorsumje kin

De wichtichste útkomst is dat it ferduorsumjen mooglik is. "Er is ook ontzettend veel interesse. Nu, vanwege de oorlog, bestaat wel het idee dat hernieuwbare energie duurder is dan 'gewone' energie. Maar dat is helemaal niet meer waar."
Van Helten hopet dat dat dúdlik wurdt. "Er is nog een bepaalde gedachte dat het duurder is, maar dat klopt dus niet."
Woansdeitejûn presintearje de studinten har befiningen. Dêrnjonken diele se har ferslaggen mei de ferskate bedriuwen, sadat dy it yn de praktyk bringe kinne.