Steaten stelle beslút oer de Hege Warren fiif moannen út

Pas yn septimber sil in beslút naam wurde oer de ynfolling fan it feangreidegebiet de Hege Warren by Aldegea (Smellingerlân).
De Hege Warren © ANP Foto
Yn de steategearkomste stie it ûnderwerp woansdei wol op de aginda, mar in mearderheid fan de partijen wol mear ûnderbouwing fan de opsjes dy't op tafel lizze, foardat se in beslút nimme.

Foarkarsopsje

De gebietsûntwikkeling fan de Hege Warren rint al jierren yn de Steaten. It feangreidegebiet moat werûntwikkele wurde om't de boaiem fersakket en der in protte CO2 frijkomt. Yn de foarkarsopsje 'Iepen en Natuerlik' wurdt de oanlis fan in brede farwei nei Drachten meinaam.
Dizze opsje waard foarsteld troch Deputearre Steaten en hat ek de foarkar fan Wetterskip Fryslân en de gemeente Smellingerlân. Yn it alternatyf Polderakwarel leit de farwei net op tafel. Dit plan hâldt yn dat it wetterpeil omheech gean sil.

Mear ûnderbouwing

It beslút om de kar foar ien fan de plannen út te stellen ta nei de simmer is nei oanlieding fan in harksit yn Drachten. Dêr kamen oer ferskate dielen fan it plan fragen nei boppen. Ek die bliken dat de diskusje oer de farwei te folle troch de proseduere hinne rint.
De PvdA hat dêrom mei CDA, FNP, D66, SP en 50Plus it amendemint yntsjinne om mear ûnderbouwing te krijen fan beide opsjes. Edou Hamstra fan de PvdA seit: "De folchoarder is neffens ús sa logysker, dan beslute we yn septimber earst oer de farwei en dan oer it gebietsplan."

Rekreaasjewenten en blaugerslannen

Oer de krekte ynhâld fan de plannen waard woansdei net hiel wiidweidich praat. Wol gie it oer de plande rekreaasjewenten flakby De Feanhoop: de PvdA wol in ûndersyk nei de mooglikheid fan permaninte wenten 'nei aard en skaal fan it gebiet'.
De wenten soene neffens Hamstra boppedat net de rêst en it tsjuster fersteure moatte. De FNP hat noed oer de blaugerslannen dy't neffens harren beskerme wurde moatte soene en it CDA woe fêststelle dat der yn de Hege Warren gjin Natura2000-gebiet bykomme sil.
Yn septimber komt dus mear dúdlikens oer it plan. Deputearre Douwe Hoogland wie net entûsjast, mar sei dat it útstel fan it beslút wol wurkber is: "It is oan jimme."
PvdA-Steatelid Edou Hamstra oer de Hege Warren