Needopfang foar asylsikers yn Heech jier langer iepen

De tydlike needopfanglokaasje foar asylsikers yn Heech bliuwt oant 1 maaie 2023 iepen. "De need is allinich mar tanaam", seit boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân.
De needopfang yn Heech © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Oarspronklik wie it plan om it opfangsintrum yn maaie te sluten, mar nei in fersyk fan It Centraal orgaan Opvang Asielzoekers (COA) om de lokaasje yn de Waterherberg langer iepen te hâlden is it kolleezje fan Súdwest-Fryslân fan dat beslút werom kaam.
Yn de simmerperioade is der yn de herberch plak foar goed 100 flechtlingen, nei 1 oktober binne der 170 plakken.

Positive reaksjes

De gemeente hat de ôfrûne tiid praat mei it pleatslik belang fan Heech en de ynwenners. De reaksjes jouwe de gemeente it fertrouwen dat de ferlinging ferantwurde is.

Need tanaam

"No't de flechtlingestreamen yn Europa troch de oarloch yn Oekraïne op gong kaam binne, is de need om opfangkapasiteit allinich mar tanaam", seit boargemaster Jannewietske de Vries.
"We binne hiel bliid dat it doarp Heech de ferlinging stipet. In protte ynwenners sette har ek yn foar de needopfang, dat is hiel weardefol."
De gearstalling fan de bewenning bliuwt itselde, seit de gemeente. Benammen famyljes mei in ferbliuwsfergunning krije in plak yn Heech. De lieding fan it azc yn Snits jout ek lieding oan de lokaasje yn Snits.