De toan fan Froukje Sijtsma: "Sûnder leafde wurdt it neat"

"Yn myn kollum fan foarige wike fertelde ik oer myn grutte leafde foar myn wurk. Hoe geweldich is as je je brea fertsjinje mei it fertellen fan ferhalen? En hoe prachtich is it as je dat dwaan meie yn de taal fan je hert? It Frysk! Krekt oer dy twa saken is de lêste tiid in soad te dwaan: oer it brûken fan de Fryske taal troch de media.
Twa wiken lyn organisearre it Keninklik Frysk Genoatskip foar skiednis en kultuer it Sieperda Sympoasium oer de feroarjende nijskultuer yn Fryslân. Ik wie derby en bespruts yn myn kollum de útdagings foar de sjoernalistyk. Ek moedige ik dy oan om sels ris in petear oan te gean mei ûnbekende minsken. Want ik bin der wis fan datst mear begryp foar inoar krijst ast oprjochte ynteresse toanst. Sa wurket it neffens my ek mei it Frysk. As de leafde foar de Fryske taal ûntbrekt, sil it nea wat wurde.
It Friesch Dagblad kopte de deis nei it kongres: 'Halsstarrig gebruik van de Friese taal in media sluit mensen uit van debat'. Ik baalde fan de wurdkar. Mei it wurd 'halsstarrig' wurdt nammentlik gelyk de toan fan it debat set, dêr't ferfolgens ek wer stevige útspraken oer dien waarden, ek troch minsken dy't net iens by it kongres west hienen.
It Friesch Dagblad basearre him op de lêzing fan haadredakteur Sander Warmerdam fan de Ljouwerter Krante. Warmerdam is, trouwens lykas de haadredakteuren fan Omrop Fryslân en it Friesch Dagblad, in ymport-Fries. Hy stelt dat Fryslân moai is, dat hy him hjir thúsfielt, de taal prachtich fynt, mar ek dat er him soms as net-memmetaalsprekker fan it Frysk op guon mominten der toch net hielendal byfielen heart.
Warmerdam stelt dêrom dat syn krante tagonklik wêze moat foar alle ynwenners fan Fryslân. Dêrom kiest syn kommersjele deiblêd foar sa út en troch Fryske kwoots, en wurde artikels yn it Frysk publisearre as it ûnderwerp dêr ta útnûget. Hy sjocht foaral it Nederlânsk as de gongbere kommunikaasjetaal.
Ek haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân, in Brabânske om utens dy't har it Frysk eigen makke hat, wrakselet wolris mei de Fryske taal. "It Frysk is sawol in seine as in flok."
Dochs hat de omrop in hiel oar karakter as de deiblêden. De omrop is in stichting en brûkt it Frysk as earste taal by de nijsfoarsjenning en kiest foar in Nederlânske oersetting by de online artikelen. De Omrop moat it Frysk ek wol brûke, want dat is fêstlein yn de Wet gebruik Friese taal en oare ôfspraken. Dêrfoar krijt de Omrop ek jild fan provinsje Fryslân en it regear. It giet dus net allinnich om it ferslaan fan nijs, mar krekt ek oer it aktyf brûken en it libjend hâlden fan de Fryske taal.
Dat nijsmedia de Fryske taal folle mear brûke moatte, fyn ik in lestige diskusje. Myn dream is dat it Frysk en it Nederlânsk lykweardich neist inoar bestean kinne en dat elts de taal kieze kin dy't er prate wol en dat men elkoar ferstiet. Mar dy dream is noch fier fuort, want de Friezen binne ommers heale analfabeten yn harren eigen taal. Se kinne it prate en ferstean, mei wat muoite ek noch wat lêze, mar goed skriuwe wurdt al in poepetoer.
It Fryske krijt lang net genôch omtinken op skoallen. Te faak is it ek ôfhinklik fan it nocht dat in master of juf deroan hat, of dat de âlden of de skoalbern sels der it nut fan ynsjogge. As it mei ús Fryske taal yn de basis al net goed sit, hoe kinne je dan stevich fierderbouwe? En trochlutsen: as minsken de taal sels net mear trochjouwe of it net belangryk fine dat har kroas der les yn krijt, wêrom yn de leave frede soe in kommersjele krante dan mear Frysk brûke moatte?
Neffens my moatte we sjen nei it fûnemint. Nei ús taalhâlding oangeande it Frysk, want sûnder leafde wurdt it neat. As wy as Friezen sels net genôch fan ús taal hâlde, dan kinst swaaie mei wetten, bestjoersôfspraken en ferdraggen, mar dan komst net fierder. En ek as nije Friezen gjin nocht hawwe om har te ferdjipjen yn de Fryske taal, dan kinst wol ophâlde. Yn de leafde moatst ien neat oplizze. Lyksa kinst in oar ek net in taal troch de strôt triuwe.
Al in skoftke slach ik om mei in leuke Frysktalige man. Hy is leaf, tûk, grappich en noch folle mear. Hy wit dat it Frysk de taal fan myn hert is en hy wit ek dat er syn tiidwurden geregeld omdraait, mar ik sil him net oplizze dat hy oars prate moat. Lêst sei er: "Ik soe dy wol efkes in tút wolle jaan". Ik sei: "Bûke, folgjende kear asto 'jaan wolle' seist, dan krijst der fuort twa". En ynienen giet er mei sprongen foarút. Hy appt my no sels soms yn it Frysk.
Ik leau dat it mei taal, lyksa wurket as yn de leafde. Ast sikest nei de ferbining en romte litst foar ferskillen en eigenheid, dan kin de leafde groeie en bloeie. En sa't hy syn feardichheden yn it Frysk ferbetteret, sa wol hy my ynkoarten leare hoe't ik in baltsje moat slaan of slaan moat op it golffjild. Dêr fiel ik no noch net sa'n soad by, mar lykas mei in taal, kinne je soms ynienen de slach te pakken hawwe."