Studinten fan Friese Poort yn Ljouwert op militêre útstjoering

Mear as 350 studinten fan de oplieding Veiligheid en Vakmanschap (VeVa) kinne dizze dagen oefenje op 'e Ljouwerter fleanbasis. It is in gearwurking fan ROC Friese Poort en de fleanbasis.
Sa waard it nije plak op de fleanbasis iepene:
'Area 65', sa hjit it nij ynrjochte plak by de fleanbasis. Eartiids wie it in stoart, dêr't oerstallich materiaal fan definsje lei. Studinten fan de VeVa hawwe holpen om it terrein leech te meitsjen en bouwe no in folsleine 'compound' op. Dat is in ôfsletten, befeilige militêre lokaasje.
De studinten krije dêr 'first entry'-oefeningen: simulaasjes dy't it begjin fan in militêre útstjoering neidogge.

Net hielendal nei Havelte ta

"Onze wens was dat we dichter bij huis een compound konden krijgen", seit sersjant-majoar De Groot. Hy is belutsen by de oplieding fan ROC Friese Poort. "Dan hoeven studenten niet helemaal naar bijvoorbeeld Havelte voor een oefening. Uiteindelijk is deze samenwerking tot stand gekomen."

Leare om op útstjoering te gean

De Groot: "Studenten leren hier om op uitzending te gaan. Daar moet je leven in een veilig gebied. Een gebied waar je eet, drinkt en slaapt. Het is belangrijk om dat veilig te houden. Dat betekent dus dat zij wachtposten moeten gaan bezetten en toegangscontrole moeten uitvoeren."
Studinten fan ferskate rjochtingen fan de oplieding kinne in dizze situaasje goed gearwurkje, seit opliedingsmanager Pieter Kamminga.
Tink bygelyks oan in oanslach of demonstranten.
Pieter Kamminga leit út wêr't de studinten mei te krijen ha sille yn de oefeningen
"Oankommende soldaten, ûnderoffisieren, soarchmeiwurkers en boumeiwurkers wurkje hjir gear. Nim de bou-opliedingen: dy binne yn in betiid stadium begûn mei de tariedingen. Dy binne al wiken dwaande om it hjir op te romjen en op te bouwen."
"As je dan sjogge nei de VeVa, dy stypje de kommende dagen alles op it mêd fan soarch. De studinten krije te meitsjen mei allerhanne praktyksenario's. Tink bygelyks oan in oanslach of demonstranten", seit Kamminga.
Ferslachjouwer Casper Slotboom wie op 'e fleanbasis
Neffens Kamminga is it wichtich dat dizze oefenlokaasje tichtby beskikber is: "We wolle einliks dat de studinten sa'n goed mooglik byld krije fan hoe't it is om by definsje te wurkjen. It moaie fan sa'n compound is dat se echt fan inoar leare kinne hoe't it is om mei al dy rjochtingen gear te wurkjen. Ik bin hiel benijd nei de reaksje fan de studinten."

Terrein komt net leech te stean

De oefening duorret yn totaal fjouwer dagen. It is net de bedoeling dat it terrein dêrnei wer leech komt te stean, seit sersjant-majoar De Groot: "Het is de bedoeling dat wij er in de toekomst nog regelmatig gebruik van maken. Het blijft zo ook bestaan."
De fleanbasis fan Ljouwert sil der sels ek trainingen fersoargje. "Als wij het nodig hebben, nemen we weer contact op en gaan we hier verder. De compound is ook nog niet helemaal klaar, de intentie is om het nog verder uit te bouwen."