Soad reekûntwikkeling by brantsje yn Ljouwerter skouboarch De Harmonie

Der hat in lytse brân west yn de technyske romte fan De Harmonie, de stedsskouboarch fan Ljouwert.
De brânwacht kaam manmachtich te plak:
Doe't de reekûntwikkeling woansdeitemoarn betiid ûntdutsen waard, is út foarsoarch grut alarm slein. Dêrom gongen ferskate brânwachtploegen nei De Harmonie ta. Dêr waard al gau dúdlik dat it tafoel.
De oarsaak fan de brân wie dat akku's te hjit waarden.
Gefolgen hat it fierder net: De Harmonie kin gewoan iepen.