Aris Ljouwert is no wol sterker as RSW Liège Basket

De basketballers fan Aris Ljouwert hawwe tiisdeitejûn de wichtige thúswedstriid tsjin RSW Liège Basket wûn. Yn it Kealledykje waard it 103-87 foar de Ljouwerters.
Aris-spilet George Brock yn in eardere wedstriid © Orange Pictures
Aris moast it tsjin de ploech út it Belgyske Luik stelle sûnder Shaquille Doorson en Reinder Brandsma. Dochs stie der nei it earste kwart (27-23) en by it skoft in foarsprong op it skoareboerd: 50-46.
Earder dit seizoen ferlear Aris yn de Elite Silver - de ferliezerspûl - fan de BNXT League noch mei 89-80 fan Luik. Beide ploegen ûntrûnen inoar diskear net folle. Yn it tredde kwart koe Aris de foarsprong mei ien punt útwreidzje nei 73-68.
De Amerikaan Nigel Pruitt kroande him oan Ljouwerter kant ta man fan de wedstriid. Hy makke mar leafst 36 punten. Mei dêrom gie de oerwinning úteinlik mei 103-87 nei Aris.

Lânskampioenskip

Mei de winst docht Aris goeie saken yn de striid om de play-offs om it lânskampioenskip. It heechstpleatste Nederlânske team yn de Elite Silver krijt it lêst beskikbere plak yn dy play-offs. Dat is de Fryske ploech mei noch twa wedstriden te gean, mar Basketbal Academie Limburg hat wol likefolle punten as Aris.