'Lelyline moat yn Europa op de kaart set wurde'

It kabinet moat de Europeeske Uny derta bewege om de Lelyline op it Europeeske haadnetwurk te pleatsen. In moasje fan it Fryske CDA-Keamerlid Harry van der Molen is tiisdeitemiddei oannaam yn de Twadde Keamer.
In trein op it trajekt tusken Ljouwert en Grins © ANP Foto
De moasje ropt op om de Lelyline stevich op de kaart te setten, sadat de line yn de perioade tusken 2021 en 2023 kâns makket op finansiering út Europa wei. Dat is nedich ek, want it kabinet hat 3 miljard euro reservearre, wylst de Lelyline tusken de 5 en 9 miljard euro kostje sil.

Oprop oan it kabinet

De Lelyline wurdt yn Europa noch oantsjut as Europeesk regionaal netwurk, en net as kearnnetwurk. It kabinet moat no derfoar soargje dat de Lelyline yn Europa promininter op de kaart set wurdt.
Deputearre Avine Fokkens (VVD) is bliid mei de moasje. Deputearre Fleur Gräper (D66) fan de provinsje Grinslân is ek wiis mei it sinjaal fan CDA-Keamerlid Van der Molen, seit se tsjin RTV Noord.

Earder al petear hân

De regio hat koartlyn in petear hân mei de ministers Mark Harbers (Ynfrastruktuer), Hugo de Jonge (Romtlike Oardering) en steatssekretaris Vivianne Heijnen (Ynfrastruktuer). Yn dat petear hat it itselde boadskip ôfjûn sa't de moasje fan Van der Molen ferwurdet.
"De bestuurders waren toen zeker ontvankelijk voor onze boodschap", stelt Fokkens. Neffens de regionale bestjoerders set de moasje fan it CDA-Keamerlid ekstra druk op it dossier.
Wannear't it kabinet deryn slagget de Lelyline op it Europeeske netwurk te krijen en de Europeeske Kommisje ree is jild frij te meitsjen foar de trein, jout dat de regio ek húswurk mei. Yn dat gefal moat de Lelyline der uterlik 2040 lizze.