Provinsje stipet de ynset fan 'greidefûgeldrones' mei 124.000 euro

Troch de ynset fan drones kinne greidefûgel-nêsten folle better en krekter beskerme wurde. Dat seit deputearre Douwe Hoogland.
In drone © Custom Drone
In drone kin fan boppe ôf sinjalearje oft der nêsten yn it lân lizze en dêrtroch is minder fersteuring op 'e grûn nedich.

Gjin lêst

"It wurket hiel moai. Je kinne dan doelbewuster op it nêst ôfrinne om der in stok by te setten", seit de deputearre. Hy hat de ôfrûne maitiid ek sels mei fûgelwachters en in greidefûgeldrone it lân yn west om te sjen hoe't soks wurket.
Fan de drone sels hat de greidefûgel gjin lêst. "Ik haw it mei eigen eagen sjen kinnen, mar der fynt gjin fersteuring plak", sa seit de deputearre.

Mear ynsjoch

Fanwege de positive ûnderfinings mei de greidefûgeldrone stipet de provinsje Fryslân it Bûn fan Fryske Fûgelwachten no mei 124.000 euro om it projekt 'Optimalisaasje Greidefûgeldrone' fierder út te bouwen.
De dronebylden jouwe boer en neisoarger mear ynsjoch yn de oanwêzige greidefûgelnêsten en -pykjes. "Je moatte it wol even leare, mar je kinne hiel maklik gebrûk meitsje fan de dronebylden om de nêsten gau op te spoaren."

Oantreklik foar jongerein

De drones sinjalearje wêr yn it lân mear waarmte te finen is. Troch even yn te zoomen kinne je oanslutend sjen wat de oarsaak fan de waarmte is. Dat kin in hazze wêze, mar ek in greidefûgelnêst. Ek in nêst mei aaien sûnder briedende fûgel wurdt troch in drone sinjalearre.
Hoogland tinkt dat it wurkjen mei drones ek oantreklik is foar jongeren dy't oan de slach wolle mei greidefûgelbeskerming.
Harkje nei deputearre Douwe Hoogland