Part fan gemeentehûs Ljouwert koarte tiid ûntromme om laptoptas

In part fan it gemeentehûs yn Ljouwert hat tiisdeitemiddei koarte tiid ûntromme west fanwegen de fynst fan in fertochte tas. De tas waard fûn by de yngong oan it Aldehoustertsjerkhôf, mar nei ûndersyk fan plysje die bliken dat it gie om in ûnskuldige laptoptas.
De plysje en hanthavening hiene de omjouwing ôfset. Ek de yngong oan de kant fan de Nijstêd wie ôfset.
Nei goed in oere waard de omjouwing wer frijjûn.