HEA! De gersskilder fan Appelskea
Hast alle kleuren griene farve hat Wim Boom (84) fan Appelskea wol yn syn atelierke stean. Dat moat ek wol as je it leafst gers fêstlizze op doek.
By Wim Boom yn 'e hûs en yn 'e gong hinget in ferskaat oan gersskilderijen fan eigen hân. It gers wie yn syn earste wurk frij flak en strak, mar de lêste jierren krijt er hieltyd mear each foar detail.