Coffeeshop Ljouwert hat te folle drugs yn hûs en moat ticht
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat in coffeeshop yn de stêd slute litten. De coffeeshop Relax hie te folle drugs yn hûs.
De plysje fûn yn de saak oan de Tuinen mear hannelsfoarried as wat tastien wurdt yn de 'gedoochkonstruksje'.
De coffeeshop moat no trije moannen ticht bliuwe.