Lúkse ôfkickklinyk yn St. Nyk

24 nov 2011 - 14:09

Yn Wilhelmina-oord yn St. Nyk komt in lúkse ferslavingsklinyk. GGZ Fryslân is dêr yn petear oer. De klinyk moat der fan 2012 ôf al komme. Op dit stuit sitte der 24 minsken mei psychyske problemen yn herstelsintrum Wilhelmina-oord. Foar harren wurdt alternative opfang socht.

De minsken binne woansdei op de hichte steld fan de plannen. Dat hat ta ûnrêst laat, seit in belutsene.

Der is in soad fraach nei in behannelsintrum foar de rikere ferslaafde, seit foarsitter Hans Kedzierski fan de Red fan bestjoer fan GGZ Fryslân.

Trefwurden: 
Wilhelminaoord Sint-Nyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)