Poster moat trekfûgels by grutter publyk bringe: "Bekend maakt bemind"

It Wrâlderfgoed Waadsee en seis nasjonale parken wolle mei in spesjale poster it ferhaal fan alve trekfûgels fertelle, dy't alle jierren in rûte ôflizze lâns dy parken.
In klút © Remco de Vries/Omrop Fryslân
Miljarden trekfûgels oer de hiele wrâld geane alle jierren fan de briedplakken nei in gebiet om te oerwinterjen - en wer werom. Yn dy tochten fan hûnderten of tûzenen kilometers komme se fan alles tsjin.
Nederlân leit op in wichtich knooppunt op ien fan dy trekrûtes. Hjir komme alle jierren goed trijehûndert ferskate soarten trekfûgels del. "Dit verhaal is een van de hoogtepunten van de natuur", seit natuergids Jörgen de Bruin.
Yn totaal giet it om sa'n njoggen miljoen fûgels dy't de rûte folgje dy't lâns West-Europa en West-Afrika rint. In grut part fan dy fûgels komt ek troch Nederlân.

Werkenber foar minsken

De Bruin wurket by IVN Natuureducatie en is ek belutsen by ien fan de seis nasjonale parken dy't belutsen binne by de poster: de Lauwersmar. "We denken dat de vogeltrek een thema is dat mensen aanspreekt."
As foarbyld neamt er de boereswel. "Die overwintert in Kaapstad en rondt deze tijd vindt-ie de boerderij weer terug waar hij vorig jaar gebroed heeft. We denken dat we met dat soort prachtige verhalen een heel breed publiek kunnen aanspreken."
Als wij naar bijvoorbeeld Spanje gaan, moeten onderweg eten, rusten, bijtanken. Dat geldt ook voor de vogels.
Jörgen de Bruin
Minsken soenen har wol identifisearje kinne mei de fûgels. "Het gaat over reizen, verre reizen naar onbekende oorden, met gevaren onderweg. En als wij naar bijvoorbeeld Spanje gaan, moeten onderweg eten, rusten, bijtanken. Dat geldt ook voor de vogels."
En dat slagget net oeral like maklik. "De trekroute is zo sterk als de zwakste schakel. Je kunt bijvoorbeeld hier het Lauwersmeer wel heel goed beschermen, maar als er ergens anders een gebied verdwijnt, dan kan het leiden tot het verdwijnen van een vogel. Die kunnen dan onderweg niet meer voldoende 'tanken' om de routes af te maken."

Breder bekend

Mei de poster hoopje De Bruin en syn kollega's dat minsken dêr mear each foar krije. As it ferhaal fan de trekfûgels breder bekend wurdt, soe dat helpe moatte. "Bekend maakt bemind", seit Janneke van Montfort fan it buro Nationale Parken.
Dit is de poster (klik hjir foar in grutte werjefte):
© Buro Nationale Parken
Van Montfort fertelt dat de poster net allinnich moai is foar oan de muorre. "Het geeft ook een inkijkje in de internationale trekroutes van elf iconische trekvogels die Nederland elk jaar bezoeken."
Op de poster stiet in QR-koade. Wa't dy scant, sjocht wêr't de ferskate fûgels te bewûnderjen binne en wannear't der ekskurzjes organisearre wurde. De poster is te krijen yn it besikerssintrum fan de ferskate parken en by de ferskate bedriuwen yn dy parken. Yn Fryslân giet it dan om Skiermûntseach en de Lauwersmar.
FryslânDOK makke ûndersteande dokumintêre oer it trekgedrach fan skriezen. Hoe witte trekfûgels bygelyks wêr't se hinne fleane moatte?