"In wier simmersk feest": organisaasje Aaipop út 'e skroeven

Nei twa jier koe it wer trochgean: Aaipop yn Nijlân, neffens eigen sizzen it grutste Frysktalige festival fan de wrâld. De organisaasje wie út de skroeven: "Dat we wer minsken op ús festivalterrein ha, binne we tige bliid mei."
In ympresje fan Aaipop yn Nijlân:
It wie in tige slagge edysje, seit de organisaasje. "We wienen noch mar tsien minuten los en doe wienen we al útferkocht", fertelt foarsitter Romke Wielstra.
De omstannichheden wienen perfekt. De spesjale Aaipop-sinnebrillen dy't de organisaasje ferkocht, wienen dêrom ek gau útferkocht. "It grutste diel fan dizze edysje fûten bûten plak, in wier simmersk feest."
Foar de twadde kear waard dit kear ek Aaikepop holden, in feest mei allegear aktiviteiten foar bern.