Harkemase Boys fersmyt twa kear foarsprong yn Seelân

Harkemase Boys is der net yn slagge trije punten te pakken by hikkesluter GOES. Yn Seelân waard it 3-3. ONS Snits en Bûtenpost wisten wol te winnen tsjin ploegen dy't heger steane op de ranglist.
Dennis van Duinen yn duel mei Jelle Klap © Orange Pictures
Harkemase Boys kaam nei 22 minuten op foarsprong yn Seelân. Joris Voest betsjinne Jelle de Graaf, dy't de bal behearske lâns de keeper skode: 0-1.
Krekt foar it skoft kaam GOES lykwols op likense hichte. Renzo Roemeratoe kopte de 1-1 binnen. Efkes dêrfoar hienen de Siuwen fia Huib van Hecke al in grutte kâns lizze litten.

Protte doelpunten

De twadde helte wie noch mar krekt úteinset doe't GOES op foarsprong kaam. Ruben Hollemans wie de doelpuntemakker. Tsien minuten letter wie it lykwols alwer lyk troch in geweldige knal fan Mart Dijkstra: 2-2.
De wedstriid gie op en del en yn de 72ste minút kamen de Boys wer oan de lieding. Jhurrey Margaritha profitearre optimaal fan in flater yn de ferdigening fan GOES. It antwurd fan de ploech út Seelân liet lykwols net lang op him wachtsjen: yn de 77ste minút skoarde Van Hecke de 3-3.
Yn de slotfaze krige Harkemase Boys de bêste kânsen, mar ûnder mear Dijkstra en Margaritha krigen de bal net nochris yn de goal. Einstân 3-3.
Harkemase Boys hat no 31 punten út 26 wedstriden.

Bûtenpost oertsjûget

Yn de haadklasse spile Bûtenpost in oertsjûgjende earste helte tsjin Flevo Boys. De Blaukes hienen al de nedige kânsen mist doe't Mike Visser yn de 31ste minút foar de 1-0 soarge.
Nei it skoft hie Bûtenpost de wedstriid ûnder kontrôle. Flevo Boys kreëarre hast neat. Bûtenpost wie mei inkelde útfallen noch it meast driigjend. Doelpunten foelen der net mear.
Bûtenpost hat no 29 punten en hanthavening yn de haadklasse komt dêrmei hieltyd tichterby.

ONS hâldt stân

Nei de knappe oerwinning op titelkandidaat Volendam, begûn ONS Snits ek tsjin de nûmer trije fan de kompetysje, Eemdijk, poerbêst. Niels Nadorp kopte yn de 19de minút de bal yn de goal: 0-1.
Nei it skoft kaam ONS ûnder swiere druk te stean. Eemdijk krige kâns op kâns en de Snitsers kamen net mear fan de eigen helte ôf. ONS koe lykwols stânhâlde en kaam yn de slotfaze sels noch op 0-2: Han van Dijk beslikke de wedstriid.
ONS hat no 22 punten út 23 wedstriden.