Werkolonisaasje fan de platte oester yn it Waad begjint mooglik yn Lauwerseach

Foar de takomst fan de platte oester yn de Waadsee brekt in krúsjale tiid oan. Nei't it skulpbist yn it wyld in hiel soad foarkaam, en net allinnich yn de Waadsee, is it sa goed as ferdwûn. Yn Lauwerseach leit in lyts tal oesters, dat helpe kin it tij te kearen.
Platte oesters dy't oerbleaun binne fan in proef yn de Waadsee © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der is eksperimintearre op it eastlik Waad mei in lytse populaasje oesters dy't fûn is tusken Teksel en Flylân. Dy groep hat net te lijen fan in sykte dy't de oesters op oare plakken dwers sit.
No't dy proef fan it Programma naar een Rijke Waddenzee dien is, leit wat dêr fan oer is no yn Lauwerseach by fisker Barbara Rodenburg yn in bak om nije oesters te kweken, sadat dy mooglik wer útset wurde kinne. Rodenburg hat in wichtige rol spile by de proef: "Wij hebben jonge oestertjes in zakken in rekken op verschillende plekken in de Waddenzee neergezet."

Undjippe oesters dogge it goed

In soad platte oesters oerlibben dat net, mar benammen de oesters dy't ûndjip leinen, dienen it better. Dat wie ûnferwacht. Neffens Michiel Firet fan it Programma naar een Rijke Waddenzee jout dat oan dat der dochs wol wat mooglik is yn it Waad foar dizze soarte, dy't as oesterriffen fan grutte betsjutting wêze kin foar it libben ûnder wetter.
Waadfisker Barbara Rodenburg © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Om't ek op oare plakken in soad oesters deagien binne, is it net wis oft it Waad geskikt is foar it weromkommen fan de soart. "We hebben hier nog wat platte oesters en de bedoeling is om die toch in te zetten om meer te leren", seit Rodenburg.
It projekt hâldt op ûnder de paraplu fan it Programma naar een Rijke Waddenzee wêrmei't der formeel noch gjin nije bestimming is foar dizze 'Waadoesters'.
Der binne wol oare oesters op it Waad, mar dat binne eksoaten; de Japanske oester. Rijkswaterstaat jout as behearder fan it wiete Waad oan dat sy net aktyf de platte oester werombringe wolle nei it Waad.

Kilometer yn it jier

It alternatyf is dat de oesters dat sels foar elkoar krije, mar de fuortplanting giet as in kilometer yn it jier, wêrby't ûngeskikte lokaasjes dy útwreiding ek stopje kinne. Yn de Noardsee binne se wol útset troch it Wereld Natuurfonds.
Michiel Firet fan it Programma naar een Rijke Waddenzee freget om romte om it der nochris oer te hawwen: "Programma naar een Rijke Waddenzee draagt deze ontwikkeling van de platte oester over aan het natuurherstelprogramma van de Waddenzee waar Rijkswaterstaat, RVO en Staatsbosbeheer mee bezig zijn. En mijn voorstel is om dit gesprek in samenwerking met deze partijen goed te voeren."
"Dan kan de keus zijn dat we niets doen en we de natuur de kans geven. Wat er in ieder geval moet gebeuren, is dat we de hele Waddenzee goed monitoren om te kijken waar de geschikte plekken zijn, hoe het er daar uitziet en komt 'ie daar al voor. Een voorzichtige keus is wel goed, maar dan wel in samenwerking met alle partijen die daar wat van vinden."
Platte oester yn Lauwerseach