Mylpeal foar Fryske orkestmanager Soldaat van Oranje: "Noch altyd fantastysk"

De musical 'Soldaat van Oranje' spilet meikoarten de 3.000ste foarstelling. Orkestmanager en bassist Jan van Olffen út Ljouwert is al jierren belutsen by de produksje dy't spile wurdt op in fleanfjild by Katwijk.
© Samuel van Leeuwen
De musical gie 11,5 jier lyn yn premjêre en mear as 3,2 miljoen besikers ha de foarstelling al sjoen. Op 30 april stiet de 3.000ste op de aginda. Dat is in mylpeal. "Dat is net earder yn Nederlân foarkaam", seit Jan van Olffen.
"Ik ha net alle trijetûzen foarstellingen spile, mar dat sit sa om de 2.500 hinne tink ik. En it is noch altyd fantastysk om te dwaan. Hielendal nei de pandemy dêr't we hast twa jier net yn spylje koenen. Alle minsken yn it tëater hienen doe in swiere tiid. Dat we no wer oan it wurk kinne, is geweldich."

Spektakel

Doe't de musical begûn, hienen se noait ferwachte dy 3.000 kear te spyljen. Neffens Van Olffen is it sa'n sukses omdat it in spektakel is. "Der is in rûndraaiend poadium en de sênes binne op ferskillende poadia. Ik wol net tefolle ferklappe, want der binne ek minsken dy't it noch net sjoen ha."
De musical fertelt it wier barde ferhaal fan fersetsstrider Erik Hazelhoff Roelfzema yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy giet nei Ingelân as de oarloch útbrekt en is as piloat belutsen by bombardeminten op Dútslân. Hy waard adjudant fan keninginne Wilhelmina.
De muzikant is persoanlik ynteressearre yn skiednis. "It ferhaal hat him hjir werklik yn de buert ôfspile, dat jout it in ekstra lading. It ferfeelt nei al dy kearen noch net."
De musical is noch oant en mei augustus te sjen.
Jan van Olffen