Wagenborg kin nei brân tsjinstregeling Amelân kontinuearje mei oar skip

Troch in lytse brân kin Rederij Wagenborg foarearst gjin gebrûk meitsje fan fearboat Sier. De brân ûntstie sneontejûn doe't it skip de haven fan Nes op It Amelân binnenkaam. De passazjiers koene sûnder problemen fan board komme.
© webcam Wagenborg (fia YouTube)
"Er is een hydroliekleiding geknapt en de olie die eruit lekte, kwam op een heet onderdeel in de machinekamer en zo is de brand ontstaan", leit Ger van Langen, direkteur fan Wagenborg út.
Hoewol't it fjoer gau ûnder kontrôle wie, neamt Van Langen it net in lytse brân. "Elke brand is groot op een schip, omdat de gevolgen altijd groot zijn. De bemanning is getraind en de communicatie was goed. Groot gevaar voor de passagiers is er niet geweest. Voor de continuïteit van de dienstregeling heeft het wel gevolgen."

Ekstra ôffearten

It skip Monnik dat oars nei Skiermûntseach fart, is no ynset foar It Amelân. "Dat schip heeft een kleinere capaciteit, dus daarom verzorgen we nu drie extra afvaarten. De mensen zijn omgeboekt." Nei Skiermûntseach fart it skip Rottum no elke twa oeren yn plak fan elke trije oeren. "Wat we hebben zetten we in, iedereen komt van of naar het eiland."
It skip Sier is twa oant trije wiken út de rûlaasje.
Ger van Langen fan Wagenborg