Ek Fryske D66'ers ûndertekenje brief dy't partijtop om opheldering freget

By de groeiende list fan ûndertekeners fan it brief oer de Van Drimmelen-saak by D66 sitte ek in tal Friezen, wêrûnder Raquel García Hermida-van der Walle, regiofoarsitter D66 Fryslân en Steatelid Danny van der Weijde-Hoogstad.
Ek Fryske D66'ers ûndertekenje brief dy't partijtop om opheldering freget
De krityske D66'ers easkje yn in iepen brief dat partijlieder Sigrid Kaag en it partijbestjoer binnen in wike opheldering jouwe oer de rol fan de partijtop by it ferburgen hâlden fan it grinsoergeande gedrach fan partijpommerant Frans van Drimmelen. Ek wolle se binnen trije wiken in byienkomst dêr't it bestjoer ferantwurding yn ôflizze moat, skriuwe se yn in iepen brief.
De Volkskrant melde sneon dat in fertroulik diel fan it rapport mear as in jier ûnder de pet hâlden is troch de partijtop.

Stalken

De saak draait om Frans van Drimmelen, lobbyist, partijstrateech en âld-foarsitter fan de talintekommisje fan D66. Neffens de Volkskrant stiet yn it fertroulike part fan it rapport dat er him wol deeglik skuldich makke hat oan stalken. Hy soe in froulike meiwurker bedrige en sjantearre hawwe. Der stiet ek yn dat de plysje in offisjeel warskôgingspetear mei him hie.
Yn in reaksje op de berjochtjouwing yn de krante sei partijlieder Kaag dat har partij in feilige partij wêze moat foar elkenien. De inisjatyfnimmers fan de brief roppe safolle mooglik D66'ers op dy't 'transparantie' wolle om har oan te sluten by de oprop.
Peaskemoandei waard bekend Van Drimmelen syn wurk wurk by adysburo Dröge en Van Drimmelen foarearst delleit. Dat is te lêzen yn in koarte ferklearring dy't op de webside fan it advysburo pleatst is.
D66 komt freed mei konklúzjes oer dizze saak. Dêrmei jout de partijtop gehoar oan de leden.
Danny van der Weijde-Hoogstad © Omrop Fryslân
Steatelid Danny van der Weijde-Hoogstad ûnderskriuwt de brief. Hy fynt it wichtich om de oprop te stypjen: "Binnen onze partij leven dit soort signalen al langer. Ik denk dat het goed is dat je met zo'n brief een duidelijk signaal geeft aan het nieuwe bestuur. Met zo'n oproep zeg je eigenlijk: 'Pak dit serieus op, betrek de leden er bij en ga hier serieus opnieuw naar kijken.'"
De brief is neffens him in manier om it nije bestjoer te motivearjen om dizze kwestje goed oan te pakken: "De afgelopen jaren is er veel gedaan op het gebied van veiligheid binnen de partij en het omgaan met ongewenst gedrag. Er zijn hele goede stappen gemaakt en ik denk dat het goed is om de signalen die er nu zijn, serieus mee te nemen."

Sinjalen net fuortstoppe

"Ik denk niet dat er signalen zijn dat de zaak is weggestopt", seit Van der Weijde-Hoogstad, "Er is gewoon onderzoek naar gedaan. Welke afwegingen het landelijke bestuur daarin maakt en hoe ze dat aanpakken, kan ik verder helemaal niks over zeggen. Dat is aan hun. Ik kan begrijpen dat het voor het publiek soms gek lijkt, je ziet dat Kaag hier nu op aangesproken wordt. Tegelijkertijd is het de verantwoordelijkheid van het bestuur. Zij gaan hierover en moeten zorgen voor een veilige vereniging."
Hy seit dat yn de Fryske steatefraksje in feilige kultuer is: "Als statenfractie zijn we vorig jaar al met elkaar gaan zitten. Hoe gaan we met elkaar om? Wat voor afspraken maken we met elkaar? Zo zijn er twee vertrouwenspersonen beschikbaar. Ik denk dat een veilige vereniging valt of staat bij het kunnen bespreken met elkaar van de dingen die er leven."
Steatelid Danny van der Weijde
By publikaasje stienen hast 150 minsken op de list, mar de groep is groeiende. Under de Friezen op de list stean û.o. Bea Bijlsma (fraksjefoarsitter D66 Steatefraksje Fryslân), Julie Bruijnincx (fraksjefoarsitter D66 Ljouwert), Ojanne de Vries Chang (fraksjefoarsitter D66 Hearrenfean), Jellie Tiemersma (earder direkteur Bibliotheek Service Fryslân, winner Els Borst-priis), Sjirk Eildert Bruinsma (D66 Smellingerlân), Danny van der Weijde-Hoogstad (Steatelid D66 Fryslân) en Raquel García Hermida-van der Walle (regiofoarsitter D66 Fryslân).